SportCast #117: Henk de Jong hat takomst yn 'e holle: "Mei jonge minsken om de âlde garde hinne"

Noch in pear jier trainer wêze fan SC Cambuur en dan in stapke werom dwaan binnen de klup. Henk de Jong tinkt alfêst nei oer syn takomst en fertelt yn de SportCast fan Omrop Fryslân dat Cambuur wol ris syn lêste klup wêze kin yn it betelle fuotbal.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(Advertinsje)