SportCast #116: Milan van Ewijk giet foar 'Dumfries-rûte': "Maar wel op eigen manier"

It liket Milan van Ewijk wol wat: deselde rûte bewannelje dy't Denzel Dumfries ek ôflein hat. Fan de amateurs nei in lytse klup yn de earedifyzje, om dan fia sc Hearrenfean nei in topklup yn Nederlân te gean. Dêrnei is in grutte kompetysje yn it bûtenlân it einstasjon.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(Advertinsje)