SportCast #112: Ferry de Haan rekkenet net op AZ-transfer Joey Veerman: "Op dit moment niet reëel"

By SC Hearrenfean geane se der net fanút dat Joey Veerman ferkocht wurdt oan AZ. Snein fertelde de Volendamse middenfjilder dat de Alkmaarders 4.5 miljoen euro op him bean hawwe. It gat mei de fraachpriis is te grut, al wol technysk manager Ferry de Haan fan Hearrenfean net op bedraggen yngean.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(Advertinsje)