Sport mominten 2019 fan 27 desimber 2019 17:15

Yn it spesjale telefyzjeprogramma 'Sport mominten 2019' presintearje Sport Fryslân, Omrop Fryslân, Provinsje Fryslân en de Leeuwarder Courant op freed 27 desimber de populêrste sportmominten fan it ôfrûne jier. Ut de 20 yn it foar selektearre mominten hawwe it publyk en de sjuery de moaiste 10 mominten keazen. Dy top 10 wurdt yn Sportmominten 2019 bekend makke.

Oan tafel by Arjen de Boer sit in ferskaat oan gasten sa as Maarten van der Weijden en de skûtsjetwilling Harmen en Sytze Brouwer.

Yn totaal binne troch Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Sport Fryslân 20 grappige, emosjonele, mar ek fertrietlike sportmominten selektearre. Sa as Suzanne Schulting dy't wrâldkampioen wurdt, de fuotbalsters Sherida Spitse en Loes Geurts dy't de finale fan it WK fuotbal helje, Nyck de Vries dy't de bêste fan de wrâld is yn de Formule 2 of Sjinkie Knegt dy't nei syn ûngelok it brânwûne-sikehûs ferlitte mei.

Ferline jier wûn Suzanne Schulting, wa wurdt it yn 2019? Yn de útstjoering sil ek de provinsjale sport-oeuvrepriis útrikt wurde.

Sportmominten 2019

Yn it spesjale telefyzjeprogramma 'Sportmominten 2019' presintearje Sport Fryslân, Omrop Fryslân, Provinsje Fryslân en de Leeuwarder Courant de populêrste sportmominten fan it ôfrûne jier.
(advertinsje)