Solarsjoernaal fan 13 july 2012

De fjirde etappe fan de Dong Energy Solar Challenge giet hjoed troch de hel fan it Noarden. Foar it earst wer troch de fernijde slûzen fan Wier en Alde Leie en dan troch de Blikfeart. Der wie genôch dramatyk yn de race op dizze wiete dei. It wie noch in hiel gedoch om alle sinneboaten troch de slûs te krijen. Yn Burdaard wie der wer in herstart en de finish fan dizze foarlêste etappe wie yn Dokkum. En hoe is it mei de mannen fan de biezemboat. PIet en Ton farre alle dagen hielendal achteroan.

Diel dit berjocht op:

Solarsjoernaal

Omrop Fryslân docht ferslach fan de Solar Challenge.
(advertinsje)