Solarsjoernaal fan 11 july 2012

De dielnimmers oan de Solar Challenge hawwe hjoed in 'rêstdei'. Fearn wurdt der net, mar dat wol net sizze dat de dielnimmers harren deljaan kinne. Guon moatte noch hurd wurkje om moarn wer fierder farre te kinnen. Dat is seker it gefal foar de minsken fan it Ljouwerter Private Energy Solar Team. Juster wienen se noch in kânshawwer foar de earste priis, mar nei de herstart moasten se út de race troch in stikkene oandriuwas. Hielendal yn Noord Scharwoude wurdt probearre de boat wer oan de praat te krijen, yn de hoop dat hy moarn wer oan de start ferskine kin. Ek folgje wy hjoed de minsken fan de Sinnetapper. De studinten fan it Van Hall en it AOC út Ljouwert hawwe de meast duorsume boat en binne tige fanatyk.En wa stiet der oant no ta eins ûnderoan de ranglist? Dat is it Tempress Solar Team út Vaassen. Twa 'grumpy old men' - krekt as de âlde mantsjes út de Muppetshow. It foarnaamste doel is foaral om de race út te farren.

Share this page on:

Solarsjoernaal

Omrop Fryslân docht ferslach fan de Solar Challenge.
(advertinsje)