Solarsjoernaal fan 10 july 2012

Yn it Solarsjoernaal it wedstrydferslach fan in hiele lange dei farren. De rûte giet hjoed fan Sleat fia Starum nei Warkum. Om 16.00 oere set de wedstryd op 'e nij útein foar it lêste stikje nei Boalsert. It team fan Andela út Balk hie hjoed hast by hûs delfarre kinnen, mar spitich genôch binne se juster útfallen en kinne net mear meifarre. En hoe fielt dat? Mei de nije wedstrydlieding farre wy hjoed troch de Luts en dat smyt prachtige bylden op fansels. En hoe giet it mei it team fan de Sinezen? Harren reade boat mei de giele stjerren docht goed mei yn it klassemint. Anton Wachter is de man dy't al in skoftke mei dit team oplûkt. De kommunikaasje giet mei hannen en fuotten.

Diel dit berjocht op:

Solarsjoernaal

Omrop Fryslân docht ferslach fan de Solar Challenge.
(advertinsje)