Soarch oer de takomst fan 7 novimber 2019 17:30

By Caparis sette se heech yn op previnsje. Want wa't net siik wurdt, hat ek gjin soarch nedich.
Mei de pilot 'het nieuwe gezonde werken' wurde de minsken coacht om mear te bewegen, sûner te iten en better te sliepen.

Ek de direkteur docht mei en fernimt wat mear sliep mei him docht. Hy daget oare bedriuwen út om ek mei te dwaan.

Soarch oer de takomst

Omrop Fryslân dûkt yn de wrâld fan de Fryske soarch. Hoe bliuwt de hiele soarch hjir oerein en betelber? Dokters, pasjinten en bestjoerders fertelle.
(advertinsje)