Soarch oer de takomst fan 5 maart 2020 17:30

Blue Zone Bakkefean:

Op 'e wrâld binne fiif Blue Zones. Minsken wurde dêr âlder, sûner en lokkiger. Húsdokter Jon Brouwers fan it Bakkefean sjocht tefolle minsken mei klachten dy't komme troch de wize fan libjen. Dat moat oars, tocht se. Net samar in medisyn foar skriuwe, mar sûner ite, mear bewege (en dan net yn 'e sportskoalle mar lekker bûten), minder stress en mear sosjale kontakten.

Oftewol; Bakkefean is drok op wei Blue Zone te wurden. De earste resultaten binne al sichtber; minder kilo's en sintimeters mar ek minder negative gefoelens. Wylst hiel Bakkefean fol plante wurdt mei blauwe drúfkes komt yn Boskum in groep byinoar dy't hiel Fryslân ta Blue Zone gebiet meitsje wol. We binne eins al mear op wei as dat we sels tinke.

Soarch oer de takomst

Omrop Fryslân dûkt yn de wrâld fan de Fryske soarch. Hoe bliuwt de hiele soarch hjir oerein en betelber? Dokters, pasjinten en bestjoerders fertelle.
(Advertinsje)