Soarch oer de takomst fan 5 desimber 2019 17:30

We sjogge mei yn de praktyk fan húsdokter Wim Douma yn Kollum. It wurk fan in húsdokter is bot feroare. Syn praktyk is eins in lyts bedriuw wurden. Der binne soarchtaken út it sikehûs oergien nei de húsdokters.

Troch de fergrizing komt der mear en kompleksere âldereinsoarch en dan is der noch de druk fan in eigen praktyk. Douma tinkt sels dat er wol ris ien fan de lêsten is dy't noch in eigen praktyk hat.

Mar hoe kin dat? Der binne oars genôch húsdokters yn oplieding.

Soarch oer de takomst

Omrop Fryslân dûkt yn de wrâld fan de Fryske soarch. Hoe bliuwt de hiele soarch hjir oerein en betelber? Dokters, pasjinten en bestjoerders fertelle.
(advertinsje)