Soarch oer de takomst fan 31 oktober 2019 17:30

Hoe grut en ûnmisber wurdt E-health yn de soarch. Dokkum rint foarop mei ' het huis van de hartwacht'. Hjir monitoare se hertpasjinten út it hiele lân wei. De earste resultaten lige der net om; de druk op 'e soarch nimt gigantysk ôf. Neffens kardiolooch Igor Tulevski is dit de takomst, ek foar oare groanyske sykten. Ut de hiele wrâld wei is der belangstelling foar wat se hjir yn Dokkum dogge.

Soarch oer de takomst

Omrop Fryslân dûkt fan 24 oktober ôf yn de wrâld fan de Fryske soarch. Hoe bliuwt de hiele soarch hjir oerein en betelber? Dokters, pasjinten en bestjoerders fertelle.
(advertinsje)