Soarch oer de takomst fan 28 novimber 2019 17:30

Wy bliuwe hieltyd langer thús wenjen. Om't it regeer dat wol, of om't wy dat sels graach wolle. Lykas Bettie Visser fan Dokkum. Sy is 76 jjier. It griist har oan om nei in fersoargingstehûs te moatten. Al is dat wol tsjin har sein doe't se ferline jier fallen wie. Mar as je posityf tinke komme je in hiel ein, is har oertsjûging. Dêrneist kin technyk in hiel ein helpe.

Yn Huis van Heden op de NHL/Stenden wurdt demonstrearre wat der allegear te krijen is. Mar dan moatte we al digitaal feardich wêze.

Soarch oer de takomst

Omrop Fryslân dûkt yn de wrâld fan de Fryske soarch. Hoe bliuwt de hiele soarch hjir oerein en betelber? Dokters, pasjinten en bestjoerders fertelle.
(advertinsje)