Soarch oer de takomst fan 24 oktober 2019 17:30

Yn dizze ôflevering binne we op 'en paad mei de ambulânse. In part fan de behanneling begjint al ûnderweis nei it sikehûs. Yn guon gefallen sjocht de dokter út it sikehûs wei al mei om sa de pasjint noch better helpe te kinnen. Ek start der ynkoarten in proef om mei keunstmjittige yntelliginsje, keppele oan de pasjintgegevens, om noch flugger en better in diagnoaze meitsje te kinnen.

Soarch oer de takomst

Omrop Fryslân dûkt fan 24 oktober ôf yn de wrâld fan de Fryske soarch. Hoe bliuwt de hiele soarch hjir oerein en betelber? Dokters, pasjinten en bestjoerders fertelle.
(advertinsje)