Soarch oer de takomst fan 21 novimber 2019 17:30

Yn Fryslân binne 1200 Parkinsonpasjinten. Dat wurde der noch folle mear de kommende jierren, want it is de fluchst groeiende sykte oan de harsens. Keunst kin in hiel goed medisyn weze, sa seit professor Bas Bloem, autoriteit op it gebiet fan Parkinson.

Ynvestearje yn keunst en kultuer om minsken sûner en lokkiger te krijen. Mar hoe dan? Bygelyks troch te dûnsjen as je Parkinson hawwe. De arts as keunstner en de keunstner as arts, beide kinne se mekoar fersterkje.

Soarch oer de takomst

Omrop Fryslân dûkt yn de wrâld fan de Fryske soarch. Hoe bliuwt de hiele soarch hjir oerein en betelber? Dokters, pasjinten en bestjoerders fertelle.
(advertinsje)