Soarch oer de takomst fan 14 novimber 2019 17:30

Urolooch Chris Koolenbrander rydt alle freeds nei Ljouwert om dêr mei de Da Vinci robot pasjinten mei prostaatkanker te operearjen. Sûnt dit jier wurde alle prostaatoperaasjes yn Ljouwert dien. Konsintraasjes fan spesjalismen om sa dy soarch hjir te hâlden.

En pasjint Eldert Hoekstra fertelt hoe't it him fergien is sûnt de operaasje. Bestjoerder Kuin blikt foarút en fertelt dat ek pasjinten hieltyd faker sels regy nimme kinne troch bygelyks sels de bloedwaarden te mjitten.

Soarch oer de takomst

Omrop Fryslân dûkt yn de wrâld fan de Fryske soarch. Hoe bliuwt de hiele soarch hjir oerein en betelber? Dokters, pasjinten en bestjoerders fertelle.
(advertinsje)