Sneon yn Fryslân fan 9 july 2016 13:00

    De Fryske sportkoer wie ferline wike by Petra Brouwer fan basketbalklup BV Oaters fan De Jouwer. Sy joech de koer troch oan Herjan Reuten fan wetterpoloklup SGHA yn Hearrenfean, De Jouwer en Lemmer. Herjan is foarsitter en al jierren aktyf lid. Wy belje fan 'e middei efkes mei him.

    Oer sport sprutsen. Wy ha hjoed in prachtige middei folop leuke sportaktiviteiten. Sa is Koos Wieling yn Gaasterlân, dêr't hjoed de triatlon De Frysman hâlden wurdt. Dielnimmers moatte 3,8 kilometer swimme, 180 kilometer fytse en 42,2 kilometer hurdrinne. De start en finish is by it Rea Klif. En Koos docht live ferslach fan dizze swiere striid.

    Hijlko Broersma ha wy nei Berltsum stjoerd, dêr't fan 'e middei it NK ôfdielingskeatsen foar junioaren is. Hjir stean de keatstalinten fan de takomst yn it perk. Hijlko hâldt ús op 'e hichte fan de stân fan saken.

    Wy ha kontakt mei Jitse Kramer. Hy docht mei oan de wedstriid foar de Sterkste man fan Nederlân yn Zwolle. Yn 2013 en 2015 wie Jitse alris de sterkste man. Slagget it him dit jier op 'e nij?

    Kollega Herman Zeilstra skoot om twa oere wer efkes oan om te fertellen wat der moarn yn de útstjoering fan Us Dieretún sit. Binne de iisbearen dan lang om let oankaam? En hy hat wer in priisfraach wêrmei't jo twa frijkaarten foar Aqua Zoo winne kinne.

    En fansels kinne jo wer jo moaiste ferysknûmers oanfreegje fan 'e middei. Dat kin troch in SMS of appke te stjoeren nei 06 20 499 199. Ek hâlde wy de mail en de facebookpagina yn de gaten.

    13:06 - Nick Lowe - Half A Boy And Half A Man
    13:11 - Normaal - Oerend Hard
    13:21 - Harpo - Moviestar
    13:28 - No Doubt - Just A Girl
    13:34 - Kt Tunstall - Black Horse & The Cherry Tree
    13:37 - Blondie - Hanging On The Telephone
    13:40 - Walking On Cars - Speeding Cars
    13:46 - K3 - Kusjesdag
    13:51 - Soft Cell - Tainted Love
    14:06 - Ten Sharp - You
    14:12 - Deorro Feat. Elvis Crespo - Bailar
    14:16 - Sipke De Boer - It Lan Fan Mar En Wille
    14:20 - Bon Jovi - Bed Of Roses (Single Version)
    14:29 - French Connection - Iselmar
    14:36 - Tears For Fears - Everybody Want's To Rule The World
    14:42 - Marty Robbins - El Paso
    14:51 - Three Jacqets - 't Autootje
    14:53 - Royksopp - Eple
    15:05 - Keane - Everybody's Changing
    15:10 - Trijexnix - Cowboy Ut 'e Walden
    15:15 - Hot Chocolate - Emma
    15:22 - James Bay - Hold Back The River
    15:35 - Kensington - Done With It
    15:42 - Manhattans - Kiss And Say Goodbye (Single Version)
    15:45 - Voutlooz - Waar Ik Ga
    15:50 - Metallica - Nothing Else Matters (Orzjineel)
    16:05 - Texas - Inner Smile
    16:10 - Cuby & Blizzards - Appleknockers Flophouse
    16:19 - Marco Borsato - Je Hoeft Niet Naar Huis
    16:27 - Kid Rock - All Summer Long
    16:34 - Jan Smit - Als De Nacht Verdwijnt
    16:42 - Krijn - Zo Is Het Leven
    16:47 - Griet Wiersma - De Fryske Mar
    16:52 - Scorpions - Wind Of Change
    17:02 - Elton John - I'm Still Standing
    17:10 - Trijntje Oosterhuis - What A Little Moonlight Can Do
    17:15 - Tommy James & The Shondells - Hanky Panky
    17:20 - De Kast - Hart Van Mijn Gevoel
    17:27 - Chris Rea - The Road To Hell (Part Ii)
    17:35 - Handsome Poets - Sky On Fire
    17:38 - Arne Jansen - Meisjes Met Rode Haren
    17:44 - Marjan Giesing - Simmerjun
    17:46 - Kygo (Ft. Kodaline) - Raging
    17:51 - Adele - Set Fire To The Rain
    Diana de Groot

    Sneon yn Fryslân

    Sneon 29 septimber live by de Flaeijelfeesten yn Nijehoarne. Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.
    Presintaasje: 
    Diana de Groot
    (advertinsje)