Sneon yn Fryslân fan 7 oktober 2017 13:00

    Nei in bouperioade fan hast twa jier is it tiid om de N31 sjen te litten oan it publyk. Hjoed sitte we der mei Sneon yn Fryslân letterlik boppe-op.

    Fan 13.00 oant 18.00 oere kinne harkers en sjoggers genietsje fan sfearympresjes en koarte petearen mei dielnimmers, besikers en standhâlders.
    En wat fine de omwenners derfan? Wat is harren miening oer de nije dyk? Ferslachjouwers fan Omrop Fryslân binne op ‘en paad om dêrefter te kommen.

    Op it Omrop Fryslân poadium kinne minsken sels ûnderfine hoe’t it is om foar in kamera te stean. Dûk yn de Fryslân Hjoed-studio en presintearje ien fan de autocue teksten. Fierder is it promoasjeteam fan Omrop Fryslân ek oanwêzich yn Harns om elkenien te foarsjen fan in moaie gadget.

    Sneon yn Fryslân

    Hjoed hat Sietske Poepjes it resept fan in Bountycake.

    Yngredienten

    200 gram bûter
    150 gram blom
    50 gram selsrizend bakmoal
    Bytsje sâlt
    40 gram kokosrasp
    210 gram wyte basterdsûker
    4 aaien
    20 ml Malibu kokosrum

    Bûterkrèm

    250 gram sêfte bûter (net smolten)
    70 gram smolten pure sûkelade
    100 gram poeiersûker

    Ferwaarm de oven op 175 graden. Fetsje in bakblik fan 21/22 cm yn. Seef de blom en it mail en ming it sâlt hjir mei de kokos. Klopje de bûter mei de sûker goed op, foar 5 minuten. Doch ien foar ien de aaien hjir troch en as lêste de kokosrum. Goed opklopje. Rier mei in houten leppel de droege Yngredienten hjirtroch, Jit yn it bakblik en bak foar 45 min (at in prikker skjin út it midden komt, is de taart gear). Goed ôfkuolje litte.

    Krèm
    Klopje de bûter goed op (8 minuten mixe). Doch healwei de poeiersûker hjirby, Jit de smolten sûkelade by it krèmmingsel. Bestriik de cake mei de sûkeladekrèm. Meitsje de taart ôf mei wat kokosrasp.

    13:07 - Genesis - Jesus He Knows Me
    13:15 - Calvin Harris - Feels
    13:48 - Niall Horan - Slow Hands
    15:05 - Van Morrison - Brown Eyed Girl
    15:11 - Miley Cyrus - Malibu
    15:15 - Skik - Op Fietse

    Sneon yn Fryslân

    Sneon yn Fryslân mei Geert van Tuinen is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.
    Presintaasje: 
    Geert van Tuinen
    (Advertinsje)