Sneon yn Fryslân fan 7 novimber 2015 13:00

    Sjoerd Marten Vrieswijk is hjoed jo gasthear foar in hearlike middei Sneon yn Fryslân.

    Fansels hawwe wy wer twa entûsjaste frijwilligers yn de studio. Maja Geluk en Johan Lammering komme lâns. Yn Holwert binne se drok dwaande mei it opsetten fan it Waddenbelevingssintrum. En dêr sykje se noch in hiel soad frijwilligers foar. Handige klussers dy't helpe kinne by de ynrjochting, mar ek minsken dy't foar langere tiid plaknimme wolle yn it bestjoer. Mar leafst 30 minsken wurde der noch socht. Dus liket it jo wat? Jou jim op by Maja troch te beljen nei 0519 561268 of 06 30 71 53 61. Benijd hokker fakatueres der binne? Sjoch op de webside fan Het Bolwerk.

    En ek dizze middei folop sport. Koos Wieling docht live ferslach fan de wedstriid tusken Capelle en ONS. Kinne de Snitsers punten pakke by dizze middenmotor? Andor Faber hâldt ús op 'e hichte fan de stân fan saken by Harkemase Boys, dy't it thús opnimt tsjin Genemuiden. En Geert van Tuinen is yn Urk, dêr't Drachtster Boys it opnimt tsjin Urk.

    En der waard wer folop draafd op Victoriapark yn Wolvegea. Wy belje efkes mei Hans Sinnige.

    Ha jo in fersykje dat jo fan 'e middei graach hearre wolle? Lit it ús witte troch in mailtsje te stjoeren nei diana@omropfryslan.nl of app of sms nei 06 20 499 199. Wy ha der wer sin oan!

    Maja Geluk en Johan Lammering fan it Waddenbelevingscentrum

    • Maja Geluk en Johan Lammering fan it Waddenbelevingscentrum

    13:07 - Cliff Richard & The Young Ones - Living Doll
    13:14 - Right Said Fred - Deeply Dippy
    13:19 - Kiss - I Was Made For Loving You (Single Version)
    13:23 - Garth Brooks - The Thunder Rolls
    13:28 - Normaal - Mama Woar Is Mien Pils
    13:34 - Adele - Hello
    13:40 - Chi Coltrane - Go Like Elijah
    13:49 - Gedobr - Buske Fan De Baas
    14:06 - Toto - Don't Chain My Heart
    14:21 - Dubliners - Lord Of The Dance
    14:28 - Frerik -De Swetser- Samplonius - Elke Gek Hat Syn Gebrek
    14:36 - Sigala - Easy Love
    14:47 - One Direction - Perfect
    15:05 - Ginger Ninja - Sunshine
    15:11 - Editors - Papillon
    15:27 - De Hunekop - Ruchhouwer (Cd-Fersy)
    15:32 - De Kast - Neem Me Zo
    15:37 - Andre Van Duin - Bingo (Ringo)
    15:45 - Griet Wiersma - Genietsje Fan Disse Dei
    15:51 - Sheppard - Let Me Down Easy
    16:04 - Bob Sinclar - Love Generation
    16:13 - Vanvelzen - Call It Luck
    16:18 - Gurbe Douwstra - Lit Jim Gean, Friezen
    16:27 - Ludovico Einaudi - Una Mattina
    16:35 - Pitbull (Ft. John Ryan) - Fireball
    16:44 - Road - Unchained Melody
    16:54 - Andre Hazes - Ga
    17:02 - Talking Heads - Road To Nowhere
    17:18 - Sjonnies - Roos In Je Blonde Haar
    17:26 - Marco Borsato - Mooi
    17:33 - Marcel Smit & Gerbrich Van Dekken - In Part Fan Dy (Album Fersy)
    17:47 - Snowy White - Bird Of Paradise
    17:55 - Gary Wright - Dream Weaver

    Diana de Groot

    Sneon yn Fryslân

    Sneon 29 septimber live by de Flaeijelfeesten yn Nijehoarne. Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.
    Presintaasje: 
    Diana de Groot
    (advertinsje)