Sneon yn Fryslân fan 6 maaie 2017 13:00

Fansels ek fannemiddei wer omtinken foar de sport. We hâlde jim op de hichte fan it ferrin fan de wedstriden fan Capelle-Harkemase Boys en ONS-Jong Grins. Ek dizze middei hâlde wy de stân yn 1E foar jim by. Mar ús ferslachjouwers binne by de toppers yn 2I. Geert van Tuinen docht ferslach fan Feanwâlden-Zeerobben en Hijlko Broersma sit by Hurdegaryo-Be Quick Dokkum. Bliuwt Zeerobben koprinner of nimt Hurdegaryp de kopposysje oer? Sels Be Quick Dokkum is noch net kânsleas.
Roelof de Vries sit by de foljebalwedstriid Sliedrecht-Snits, de twadde wedstriid om it lânskampioenskip.

Ek de Tonne is der fannemiddei wer by. Hearsto de Ding Dong?? Belje dan 058-212 36 18!

Ha jim in fersykje? App of sms dat nei 06-20 499 199.

Sportkoer Gerrit Terpstra

  • Sportkoer Gerrit Terpstra

De koer is dizze wike troch Johan Teake Dekker, foarsitter fan de rugbyklup Gordyk, nei Gerrit Terpstra brocht. Gerrit Terpstra is vice-foarsitter by Dambûn Fryslân.

it resept fan Sietske Poepjes

  • it resept fan Sietske Poepjes

Sietske Poepjes hat wer in nij lekker resept. Hjoed is dat in banane pinda cake.

Banane-pinda cake:

175 gr blom (seefd)
25 gr amandelmoal
4 aaien
150 gr sêfte bûter
150 gr sûker
Bitsje sâlt
2 fersmotske bananen
3 leppelspindakaas
200 gram mascarpone
Eft sûkeladestikjes (at jo dat lekker fyne)

Ming de sûker troch de bûter. Klopje ûngefear 5 min. Rier 1 foar 1 de aaikes hjir goed troch mei sâlt. Ming hjir de bananen troch & as lêste moal.

Jit it beslach yn in cakeblik (28 cm) of taartfoarm (21 cm). Bak op 175 graden foar 50 min.
Goed ôfkuolje litte.

Ming de mascarpone mei in leppel sûker & rier de pindakaas hjir troch. Smar dit op de cake (of spuitsje moai op). Meitsje it ôf mei lytse sûkeladestikjes (at jo dat wolle).

13:05 - Tom Cochrane - Life Is A Highway
13:11 - Clean Bandit Ft. Zara Larsson - Symphony
13:19 - Queen - You're My Best Friend
13:26 - Bombarje - Jukte Op 'e Rech
13:36 - Taylor Dayne - Tell It To My Heart
13:40 - Marco Borsato - Rood
13:48 - Chainsmokers - Paris
13:52 - Chi Coltrane - Go Like Elijah
13:57 - Lucie Silvas - Breathe In
14:06 - Calvin Harris - My Way
14:11 - Ed Sheeran - Shape Of You
14:17 - Bob Seeger - Mainstreet
14:21 - No Doubt - Don't Speak
14:35 - De Kast - Alle Tiid (Simmertime)
14:42 - Amy Macdonald - Dream On
14:46 - O'g3Ne - Lights And Shadows
14:49 - Simple Minds - Let There Be Love
14:54 - Disturbed - Sound Of Silence


15:05 - Diana Ross - You Can't Hurry Love
15:10 - Alessia Cara - Scars To Your Beautiful
15:14 - Raymond Van Het Groenewoud - Stapelgek Op Jou
15:20 - Loreen - Euphoria
15:25 - Blondie - Maria
15:35 - Jennifer Lopez - Waiting For Tonight
15:45 - Johannes Rypma - In Groet
15:50 - Creedence Clearwater Revival - Bad Moon Rising
15:54 - Van Halen - Why Can't This Be Love
16:05 - Vitesse - Rosalyn
16:11 - Kygo & Selena Gomez - It Ain't Me
16:21 - Sytse & Hendrik Haima - Beppe Sei Noait Nee
16:25 - Elvis Presley - Return To Sender
16:39 - Wiegels Wjukkelmasine - Yn De Rein
16:46 - Sheryl Crow - All I Wanna Do
16:54 - Jack Bottleneck & Johan Keus - It Doarp
17:03 - Chef Special - Try Again
17:10 - Paul Mccartney - My Brave Face
17:20 - Amy Winehouse - Rehab
17:33 - Mark Ronson Ft. Bruno Mars - Uptown Funk
17:46 - S Club 7 - Bring It All Back
17:52 - Henk Wijngaard - Kilometer-Vreters
Diana de Groot

Sneon yn Fryslân

Fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. In fersykje oanfreegje of fertelle watst oan it dwaan bist? Lit it witte mei in app of sms op 06 20 499 199. No sneon rjochstreeks fan it Dickens Festijn yn Lemmer.
Presintaasje: 
Diana de Groot
(advertinsje)