Sneon yn Fryslân fan 5 augustus 2017 13:00

Hjoed is de start fan it SKS skûtsjesilen. Se sile by Grou en fansels is Omrop Fryslân derby. Geartsje de Vries en Gjalt de Jong dogge wiidweidich ferslach.
Doch ek mei oan de Skûtsjepool by Omrop Fryslân. Sjoch op www.omropfryslan.nl/skutsjesilen.
En alle nijs en de live stream fan it skûtsjesilen is hjirop te finen.

Neist it skûtsjesilen is der ek omtinken foar oare sport. Ferslachjouwer Koos Wieling is by it Concours Hippique yn Riis.
Betty Blanksma, foarsitter fan keatsfereining De Eendracht, hâldt ús op de hichte fan de Ald Meierspartij dy't yn Hitzum holden wurdt.

Fansels is de Omrop Camper der fannemiddei ek wer. Andor Faber en Jorrit Meinsma binne mei de camper yn Grou.

Dizze simmer is der gjin tonne mar de Simmerwizer! Hearsto de Ding Dong? Belje dan 058-2123618!

Sportkoer is by Alieke Bregman

  • Sportkoer is by Alieke Bregman

Ferline wike krige Ellie de Groot fan it Hearrenfean de koer. Sy hat de koer trochjûn oan Alieke Bregman dy't oan synchroonswimmen docht yn it Hearrenfean.

Recept Sietske

  • Recept Sietske

Sietske Poepjes ferrast ús hjoed wer mei in nij resept: donuts út de oven.

250 gram bakmix foar wyte bôlle
25 gram smolten bûter
1 loskloppen aai
1 pûdsje fanyljesûker
Bytsje sitroenrasp
100 ml molke

50 gram fyne sûker
75 gram smolten bûter
Kanyl
Bytsje sâlt

Ming de bûter mei it aai en de molke. Jit dit by de moal, de sûker en de rasp plus sâlt. Ming mei in leppel oant in beslach. At it te wiet is, ming dan noch wat blom derby.
Spuit mei in spuitpûde yn in donutfoarm (12 stiks) of op in stik bakpapier yn in rûndsje. Lit rize foar 30 min mei in teedoek oer de donuts. Bak yn in oven op 200 graden foar 15 min.

Dip de donuts yn de smolten bûter en skoadzje dit yn in plastic pûde wêr de sûker mei kanyl en sâlt yn sit. Kin ek mei glazuer (poeiersûker mei bytsje wetter en kleurstof) ôfmakke wurde.

13:04 - Aswad - Shine
13:08 - Shawn Mendes & Camila Cabello - I Know What You Did Last Summer
13:18 - Hollies - The Day That Curly Billy Shot Down Etc.
13:34 - Ultravox - Dancing With Tears In My Eyes
13:42 - Tremeloes - My Little Lady
13:48 - Rag'n Bone Man - Skin
13:51 - Piter Wilkens - Oeral Thus
14:04 - Timeflies - Once In A While
14:10 - Griet Wiersma - De Fryske Mar
14:18 - Albert Hammond - Free Electric Band
14:34 - Frerik De Swetser - Ideryn Wurdt Bekend (Radio Edit)
14:40 - Al Stewart - On The Border
14:44 - George Ezra - Don't Matter Now
14:49 - Bounty Hunters Ft. Johannes Rypma - Skutsjesilen


15:06 - Abba - Waterloo
15:11 - Andre Hazes Jr. - Leef
15:17 - Zedd & Alessia Cara - Stay
15:21 - Die Twa - Frjemd Sa As It Rint
15:37 - Gipsy Kings - Bem, Bem, Maria
15:43 - Gurbe Douwstra - Lit Jim Gean, Friezen
15:51 - Alok & Bruno Martini - Hear Me Now
16:06 - Culture Club - Karma Chameleon
16:10 - Splitsing - Wind En Zeilen
16:14 - Anne-Marie - Ciao Adios
16:22 - Shakira - Waka Waka
16:36 - Piet Veerman - Sailing Home
16:46 - Diesel - Sausolito Summernight
16:53 - Coldplay - Hymn For The Weekend
17:04 - Ed Sheeran - Galway Girl
17:06 - Golden Earring - When The Lady Smiles
17:16 - Normaal - De Boer Is Troef
17:26 - Lost Frequencies - Are You With Me
17:36 - Armin Van Buuren - Sunny Days
17:44 - De Hunekop - Hudfytser
17:52 - Smokey Robinson - Tears Of A Clown
17:55 - Jamie Lidell - Another Day
Diana de Groot

Sneon yn Fryslân

Fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. In fersykje oanfreegje of fertelle watst oan it dwaan bist? Lit it witte mei in app of sms op 06 20 499 199. No sneon rjochstreeks fan it Dickens Festijn yn Lemmer.
Presintaasje: 
Diana de Groot
(advertinsje)