Sneon yn Fryslân fan 4 febrewaris 2017 13:00

En hoe soe it mei de ynstjoeringen foar it Hea-liet wêze? We belje mei Heinze Luimstra en mei Alie de Haan. Sy ha beide in leuke tekst ynstjoerd.

Fansels binne ús sportferslachjouwers ek op 'en paad. Koos Wieling is nei Heemskerk ôfreizge dêr't ONS fuotballet tsjin Odin'59. En Hijlko Broersma docht ferslach fan Harkemase Boys-Jong FC Volendam.

Fersykjes binne wolkom fia de sms of app op 06-499 199.
Dan ha we fansels ek noch de TONNE!! We ferjitte it net hear. Hearre jim de Ding Dong dan kinne jim belje nei 058-212.36 18.

koer by Ygram Ykema

  • koer by Ygram Ykema

Foarige wike hiene we gjin koer fan Fryslân yn ferbân mei ús útstjoering fanôf Racing Expo, mar no is hy der wer!! Wêr soe Folkert Groeneveld fan it Frysk Damjen de koer hinne stjoerd ha?

resept fan Sietske Poepjes

  • resept fan Sietske Poepjes

Sietske Poepjes hat wer in nij resept foar ús: kofje-kardemom cake.

Yngredienten:
• 100 g pelde pistachenoten (net sâlt)
• Kardemompoeier (supermerk)
• 115 g selfrizend bakmoal
• 1 tl bakpoeier
• 115 g bûter, sacht
• 2 aaien
• 115 g ljocht brûne basterdsûker + 1 el
• 2 el espressopoeier + 2 tl
• 25 ml hiet wetter
• 250 g mascarpone
• 1 el molke
Ferwaarm de oven op 170 graden.
Roaster de pistachenútsjes foar 8 minuten. Set fuort
Ming de bûter mei de aaien en it seefde moal, 1 teeleppel kardemom en bakpoeier. Rier de sûker der troch mei it espressopoeier). Ferdiel oer twa bakblikken fan 18 cm. Set yn oven foar 30 min.
Rier it oare espressopoeier troch it wetter, mei 1 teeleppel kardemom en 1 ietleppel sûker. Stek mei in prikker in pear gatsjes. Hâld de cake wol yn de blikken. Jit it wiete mingsel oer de beide cakes troch de gatsjes. Alles folslein ôfkuolje litte.
Rier in teeleppel espressopoeier troch de mascarpone en ek 1 ietleppel sûker. Beklaai de twa opstapelde cakes hjirmei. En lis de pistachenútsjes hjir op.

Bauke Deelstra by de bussen fan Hessel en Tess (1)

  • Bauke Deelstra by de bussen fan Hessel en Tess (1)

Bauke Deelstra by de fans fan Hessel en Tess (2)

  • Bauke Deelstra by de fans fan Hessel en Tess (2)

Hessel oer it optreden yn de Ziggo Dome

  • Hessel oer it optreden yn de Ziggo Dome

We belje efkes mei Hessel. Hessel en Tess ha jûn in konsert yn de Ziggo Dome. Hoe spannend is dat? Soe Tess al senuweftich wêze? En wat fynt se der fan dat hiel Skylge mei sa'n 20 bussen nei it Ziggo Dome komt?

13:04 - Maxi Priest - Close To You
13:10 - Adele - Water Under The Bridge
13:22 - Riddim_X - Ik Tink Oan Dy
13:34 - Armin Van Buuren Ft. Olaf Blackwood - I Need You
13:37 - Imany - Don't Be So Shy
13:46 - Time Bandits - I'm Specialized In You
13:50 - Within Temptation - Ice Queen
14:04 - Madcon Ft. Ray Dalton - Don't Worry
14:09 - John Legend - Love Me Now
14:18 - Alanis Morissette - Thank U
14:22 - Hessel - Terug Naar Terschelling
14:34 - Stiet As Quo - Rocke Troch It Fryske Wald
14:42 - Charlie Puth - Dangerously
14:53 - Wind Earth & Fire - Boogie Wonderland


15:04 - Them - Gloria
15:08 - Maroon 5 - Don't Wanna Know
15:14 - Paul De Leeuw - Vlieg Met Me Mee (Live)
15:21 - Stevie Wonder - Happy Birthday
15:34 - All Saints - Pure Shores
15:42 - Marjan Fennema - Lyts Meager Wyfke
15:47 - Wild Cherry - Play That Funky Music
15:53 - Gavin James - Nervous (The Ooh Song)


17:02 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
17:08 - Murray Head - One Night In Bangkok
17:14 - Marcel Smit - Omstekeard
17:18 - Robbie Williams - Feel
17:26 - Boney M - Sunny
17:34 - Sheppard - Geronimo
17:45 - Eddy Dykstra & Sons - De Mem Fan Doutzen
17:52 - Eternal - I Wanna Be The Only One
17:56 - Nash Crosby, Stills & Young - Marrakesh Express

Diana de Groot

Sneon yn Fryslân

Fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. In fersykje oanfreegje of fertelle watst oan it dwaan bist? Lit it witte mei in app of sms op 06 20 499 199. No sneon rjochstreeks fan it Dickens Festijn yn Lemmer.
Presintaasje: 
Diana de Groot
(advertinsje)