Hjoed gjin opstekker, mar fansels wol in lekker nij resept fan Sietske Poepjes! In resept datsto ek noch meitsje kinst foar âldjiersjûn of foar nijjiersdei: empanada. En nee, dat is net dreech te meitsjen en de restjes kinne der ek noch yn ferwurke wurde!
De tonne stiet alwer op tafel. Dus asto de ding-dong hearst belje dan 058-212 36 18!
En hasto in fersykje? Wolst ien ferrasse mei in ferske? App of sms dat nei 06 20 499 199.
Om 16.00 begjint it Olympysk kwallifikaasjetoernoai wer op Thialf. Fan 'e middei wurdt de 5 kilometer foar froulju en de 1500 meter foar manlju ferriden. Ferslachjouwer Koos Wieling docht ferslach.