Sneon yn Fryslân fan 3 maart 2018 13:00

    Sneon yn Fryslân komt hjoed live fan Racing Expo ôf yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dit is de grutste auto- en motorsport, design en tuningbeurs fan Nederlân. Ferslachjouwer Lennie Bronsveld rint de beurs oer en docht hjirfan ferslach.

    Ferslachjouwer Jantine Weidenaar rydt troch de provinsje om ferslach te dwaan fan de iiswille.

    Wêr soe de Opstekker dizze wike hinne gean? De opstekker is in wurdearring foar in frijwilliger fan in sportferiening yn Fryslân. We dogge dit yn gearwurking mei Sport Fryslân. De frijwilliger en dêrmei de sportferiening, krijt fan dizze organisaasje in sjek fan 350 euro. Foar dat bedrach kinne sy advys krije oer hoe't se saken by de feriening ferbetterje kinne. En wêr giet dy opstekker hjoed hinne? Oan my de ear om dat no bekend te meitsjen. Want it is... Marjolein Lautenbag fan Gymnastykferiening SSS yn Sint-Anne.

    Diana de Groot

    Sneon yn Fryslân

    Sneon 29 septimber live by de Flaeijelfeesten yn Nijehoarne. Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.
    Presintaasje: 
    Diana de Groot
    (advertinsje)