Sneon yn Fryslân fan 29 july 2017 13:00

    Ús camper is op de Jouwer by de ballonfeesten. Timo docht ferslach fan wat der allegearre bart.

    Fansels is der ek sport. Freark Wijma sit by de nasjonale fierljepmanifestaasje op it Heidenskip. Koos Wieling hâldt ús op de hichte fan de frije formaasje wedstriid keatsen yn Seisbierrum.

    En it is no echt Simmer yn Fryslân. De Tonne stiet yn de kast, de simmerwizer stiet foar jim klear! De Ding Dong bliuwt wol dus hearsto de Ding Dong?? Belje dan 058-212 36 18!

    Ha jim in fersykje? App of sms dat nei 06-20 499 199.

    Sportkoer is by Ellie de Groot

    • Sportkoer is by Ellie de Groot

    De koer wie ferline wike by Maria Poiesz, in Olympysk kampioene sitfolleybal en fanatyk frijwilliger oangepaste sporten yn Snits. Se hat de koer trochjûn oan Ellie de Groot fan it Hearrenfean, dy't fan har wurk ek har hobby makket.

    resept fan Sietske Poepjes

    • resept fan Sietske Poepjes

    Ek in lekker resept fan Sietske Poepjes ûntbrekt hjoed net. Hjoed is dat selsmakke stokbôle en pindasaus.

    *Bôle:
    500 gram hurde blom (pizzamoal, "00")
    10 gram gist
    10 gram sâlt
    350 gram kâld wetter

    Ming de blom meit sâlt & gist. Doch 250 ml wetter hjirby. Op de hân of mei mingmasjine foar 8 min. Jit healwei de oare 100 ml wetter derby.

    Lit yn kom mei teedoek dêroer rize foar in oere.
    Rolje der dan 4 stokbôllen fan. Lit dizze op bakplaat wer rize foar 1 oere.

    Bak yn oven foar 25 minuten op 220 graden.

    *Pindasaus:
    1 sjalot
    1 stikje knoflook
    Farske gember raspe (1 teeleppel)
    1 leppel koriandersied

    250 ml kokosmolke
    4 leppels nûtsjesmoar
    Bitsje sambal oelek
    Bitsje ketjap
    Bitsje sâlt en sûker

    Snipperje de sjalot hiel fyn. Tegearre mei knoflook sacht yn pantsje bakke. Rier de kokosmolke & gember hjirtroch. At it bubbelt, Rier de nûtsjesmoar hjir troch. Bring op smaak mei koriandersied, sambal, ketjap, sûker en sâlt.

    13:04 - Total Touch - Touch Me There
    13:10 - Anne-Marie - Ciao Adios
    13:17 - Pigmeat - De Alde Boekebeam
    13:22 - Vangrail - Naar De Zee
    13:25 - Elvis Presley - Return To Sender
    13:34 - Yes - Owner Of A Lonely Heart
    13:42 - Clean Bandit Ft. Zara Larsson - Symphony
    13:51 - Texas Tornados - Little Bit Is Better Than Nada
    14:05 - Mark Ronson Ft. Bruno Mars - Uptown Funk
    14:09 - Jonas Blue - Mama
    14:16 - Elton John - I'm Still Standing
    14:19 - Joan Osborne - One Of Us
    14:33 - Twarres - De Juste Snaar
    14:41 - Rob De Nijs - Het Werd Zomer
    14:47 - Rudimental Ft. James Arthur - Sun Comes Up
    14:56 - Luv' - You're The Greatest Lover


    15:04 - Beatles - All My Loving
    15:06 - Deepend Feat. Graham Candy - Waiting For The Summer
    15:13 - Dana Winner - Westenwind
    15:19 - Eric Clapton - My Father's Eyes
    15:26 - Ub40 - Red Red Wine
    15:36 - Texas - Inner Smile
    15:42 - Normaal - De Boer Is Troef
    15:47 - Gedobr - Buske Fan De Baas
    15:54 - Chicago - Saturday In The Park
    16:04 - Billy Joel - Uptown Girl
    16:07 - Niall Horan - Slow Hands
    16:14 - Johnny Jordaan - Geef Mij Maar Amsterdam
    16:21 - Diana Ross - Stop In The Name Of Love
    16:23 - Miss Montreal - Writing Stories
    16:34 - Zouk Machine - Maldon
    16:43 - Freddy Breck - Rote Rosen
    16:51 - Whitney Houston - I'm Your Baby Tonight
    16:56 - Gaatze Bosma - Earste Trein Nei Starum
    17:03 - Enrique Iglesias - Subeme La Radio
    17:06 - Michael Mcdonald - Sweet Freedom
    17:13 - Guus Meeuwis - Brabant
    17:17 - U2 - With Or Without You
    17:24 - E.L.O. - Mr. Blue Sky
    17:32 - Calvin Harris - My Way
    17:38 - Danny Panadero - Hieperdepiep Ik Heb Een Poliep
    17:45 - Lucas & Steve - Up Till Dawn
    17:52 - Nena - 99 Luftballons
    17:56 - Denis Azor - Ala Li La (Sega)
    Diana de Groot

    Sneon yn Fryslân

    Sneon 29 septimber live by de Flaeijelfeesten yn Nijehoarne. Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.
    Presintaasje: 
    Diana de Groot
    (advertinsje)