Sneon yn Fryslân fan 28 oktober 2017 13:00

Ferslachjouwer Koos Wieling docht ferslach fan NK ôfstannen reedriden. Fannemiddei wurde de 5000 meter manlju, de 1500 meter froulju en de 500 meter manlju ferriden.

Fansels is de Tonne der ek wer, fol mei moaie prizen! Hearsto de Ding Dong? Belje dan 058-2123618!
Hasto in fersykje? Wolst ien ferrasse mei in ferske? App of sms dat nei 06-20 499 199.

resept Sietske Poepjes


Sietske Poepjes hat hjoed wer in nij resept foar ús en wol paté en croûte. Sels fynt se dat it goed slagge is. We binne dan ek tige benijd nei dit resept. 

Yngrediïnten:

Foar it koarstdaai:

500 gram blom

10 gram sâlt

125 gram bûter

100 gram rizel (reuzel, bargefet)

1 aai

2 aaigielen

100 ml kâld wetter

Ming it blom mei it sâlt. Krommelje de bûter en it fet op de hân hjir troch hinne. Rier de aai(gielen) hjir troch en ek it wetter. Lit rêste yn kuolkast foar heal oere. Rôlje út en beklaai in ynfetten (en mei bakpapier beklaaid) cakeblik hjir mei.

Foar de paté:

100 gram drûge prommen

25 gram rezinen

59 ml whiskey

2 snipele sjalotten

25 gram rizel

2 ytleppels farske tym

20 gram sâlt

1 teeleppel piperkerrels

3 krûdnagels

4 jeneverbeskes

500 gram bargebúkfleis

500 gram bargelever

200 gram bargeskouder

1 aai

1 aaigiel

Druk de speserijen fyn yn in fizel. Ming mei it sâlt, set apart. Helje it fleis troch in keukenmasine. Dizze moat power ha, oars wol dit net. Net te fyn mealje. Rier de speserijen en de krûden hjir troch. Tegearre mei it aai(giel). Fruitsje de sjalotten yn in pantsje yn de rizel en rier dit troch it fleis. Rier ek de prommen en de rezinen hjir troch. Dizze moatte in nacht weld wêze yn de whiskey.

Skep it fleis yn it blik en tear it daai der oer wurkje kreas ôf ta in pakketje. Meitsje trije lytsje skoarstiennen (sjoch foto) mei aluminiumfoly. Bestryk mei in aaigiel. Bak op 220 graden foar 20 minuten. Ferleegje de oven nei 175 graden en bak foar 70 min. De binnentemperatuer moat 75 graden wêze.

Goed ôfkuolje litte.

Foar de sjelei:

6 sjelatinebledsjes

500 ml bûljon

Ferwaarmje de bûljon en rier de sjelatine hiirtroch (moatte earst weld wêze yn kâld wetter). Hjit dit ôfkuolle troch de skoarstiennen. Lit yn kuolkast opstiifje.

Lekker ite! (En goed hannen waskje, want dit is in soad baarch 🐖)

De opstekker fan dizze wike giet nei Martine Diephuis

Alle wiken hawwe wy de Opstekker fan Sport Fryslân mei in wearde fan 300 euro. De feriening mei dit besteegje oan in saak dy't dêr hiel bot nedich is. En wêr giet de Opstekker fan dizze wike hinne? Nei Martine Diephuis fan Hockey Club Ljouwert! 

Eeltsje van der Kooi út Kanada

Sels út Kanada wei wurde der fersykjes oanfrege. Eeltsje van der Kooi wennet al 61 jier yn Kanada mar harket noch alle dagen nei Omrop Fryslân. 

13:05 - Lost Frequencies Ft. Janieck Devy - Reality
13:10 - Justin Bieber & Bloodpop - Friends
13:16 - Sake - Broken
13:20 - Adele - When We Were Young
13:24 - 4 Non Blondes - What's Up
13:37 - Crowded House - Don't Dream It's Over
13:46 - Cnco & Little Mix - Reggaeton Lento
13:49 - Nirvana - Come As You Are
13:53 - Spagna - Call Me


14:04 - Tom Jones - If I Only Knew
14:08 - Armin Van Buuren - Sunny Days
14:15 - Beatles - Help
14:19 - Mamas & Papas - California Dreaming
14:22 - Jessie J. Ft. B.O.B. - Price Tag
14:25 - Anne-Marie - Heavy
14:36 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
14:41 - Die Twa - Eachkontakt
14:45 - Imagine Dragons - Whatever It Takes
14:52 - Fats Domino - Blueberry Hill
14:54 - Wax - Bridge To Your Heart
15:06 - Bob Sinclar - Love Generation
15:09 - Camila Cabello Feat. Young Thug - Havana
15:16 - Mavericks - Dance The Night Away
15:37 - Four Seasons - December '63
15:41 - Pink - What About Us
15:47 - Queen - Breakthru
15:52 - Johannes Rypma - In Libben Yn'e Rock & Roll (Play Me)


16:05 - John Farnham - You're The Voice
16:10 - Niall Horan - Slow Hands
16:16 - Scrum - Perfect Crime
16:20 - Ce Ce Peniston - Finally
16:35 - Gavin Degraw - Chariot
16:42 - Piter Wilkens - It Paad Werom
16:52 - Clean Bandit Ft. Zara Larsson - Symphony
16:56 - Dire Straits - Twisting By The Pool


17:05 - Charlie Puth - Attention
17:08 - Keane - Crystal Ball
17:14 - Counting Crows - A Long December
17:18 - O.M.D. - So In Love
17:27 - Marcel Smit - Leafde & Whisky
17:34 - Omi - Cheerleader
17:43 - Pigmeat - De Alde Boekebeam
17:46 - Matia Bazar - Ti Sento
17:53 - Imagine Dragons - Thunder
17:56 - Kaiser Chiefs - Ruby

Share this page on:

Sneon yn Fryslân

Fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. In fersykje oanfreegje of fertelle watst oan it dwaan bist? Lit it witte mei in app of sms op 06 20 499 199. No sneon rjochstreeks fan it Dickens Festijn yn Lemmer.
Presintaasje: 
Diana de Groot
(advertinsje)