Sneon yn Fryslân fan 26 augustus 2017 13:00

Hjoed de finish fan de IFKS. Se sile by de Lemmer en fansels is Omrop Fryslân derby. It is noch tige spannend want der kinne noch wol 6 skûtsjes kampioen wurde! Andor Faber en Gjalt de Jong dogge wiidweidich ferslach.
Doch ek mei oan de Skûtsjepool by Omrop Fryslân. Sjoch op www.omropfryslan.nl/skutsjesilen.
En alle nijs en de live stream fan it skûtsjesilen is hjirop te finen.

Ferslachjouwer Hijlko Broersma is by de Nederlânske fierljepkampioenskippenskippen yn Jaarsveld.

Fierder is de camper hjoed ek wer op paad. Ferslachjouwers Lennie Bronsveld en Johanna Brinksman binne by op it Dodo festival yn Bakkefean.
Erik Jager út Droegeham hat de sportkoer trochjûn oan André Weening fan de Harkema.
Sietske Poepjes hat wer in lekker resept foar ús.

Ha jim in fersykje? App of sms dat nei 06-20 499 199.
Dizze simmer is der gjin tonne mar de Simmerwizer! Hearsto de Ding Dong? Belje dan 058-2123618!

Sportkoer is by André Weening

  • Sportkoer 26_08

Resept fan Sietske Poepjes: prommecake

  • Copy of SNF Recept Sietske Poepjes

Resept Prommecake.

Foar de cake:
115g bûter
150g sûker
175g blom
1/2 teleppel bakpoeier
1/2 teleppel natriumbicarbonaat
1 1/2 teleppel kardemom
1/2 teleppel sâlt
2 grutte aaien
1 teleppel fanyljeekstrakt
125 ml sûpe (of molke mei in leppel jittik)

6 prommen
2 leppels blom
50 gram brûne sûker
Bytsje kanyl
bytsje kardemom
2 leppels amandelen (skaafd)
1 leppel amaretto

Fetsje in bakblik yn mei bûter (23/24 cm) en ferwaarm de oven foar op 180 graden.
Ming de sêfte bûter mei de sûker foar 5 min. Rier ien foar ien de aaikes hjir troch. Dan de sûpe en de fanylje. Alles moat glêd wêze.
Ming de blom mei de poeierkes. Rier dit op de hân troch it bûtermingsel. Jit yn it bakblik.

Helje de pit út de prommen en snyd dizze yn 4 stikjes. Ming mei de amaretto. Lis op it cakebeslach.
Ming op de hân de sûker, it moal, de amandelen, it kanyl en de kardemom. Dit wurdt in soart krommelpapke. Ferdiel dit oer de prommen.

Bak yn de oven foar 55 min, goed ôfkuolje litte. It focht fan de prommen is hyt!

13:03 - Eagle Eye Cherry - Save Tonight
13:08 - Anne-Marie - Ciao Adios
13:16 - Piter Wilkens - Pake Syn Wein
13:35 - Heart - All I Wanna Do Is Make Love To You
13:39 - Ed Sheeran - Galway Girl
13:46 - June Lodge - Someone Loves You Honey
13:55 - Carly Rae Jepsen - Call Me Maybe


14:06 - Kenny B - Parijs
14:13 - Calvin Harris Ft. Various Artist - Feels
14:19 - Talk Talk - Life's What You Make It
14:37 - Die Twa - Famke Fan Myn Dreamen
14:44 - Diciples - On My Mind
14:54 - Frank Cunimundo Trio - Feeling Good
15:06 - Randy Crawford & The Crusaders - Streetlife
15:15 - Andre Hazes Jr. - Leef
15:20 - Kygo & Selena Gomez - It Ain't Me
15:35 - Pink - Just Give Me A Reason
15:45 - Bounty Hunters Ft. Johannes Rypma - Skutsjesilen
15:50 - Beat - Can't Get Used To Losing You


16:05 - Pointer Sisters - I'm So Excited
16:16 - Luis Fonsi Ft. Daddy Yankee - Despacito
16:23 - Jacques Dutronc - Il Est Cinq Heures, Paris S'eveille
16:35 - Splitsing - Wind En Zeilen
16:45 - Beef & Jacqueline Govaert - I Would Stay
16:51 - Shawn Mendes & Camila Cabello - I Know What You Did Last Summer
17:03 - Chef Special - Try Again
17:11 - Level 42 - Something About You
17:21 - Dido - White Flag
17:33 - Mark Ronson Ft. Bruno Mars - Uptown Funk
17:40 - Ilse Delange - Livin' On Love
17:49 - De Kast - Moarn Sil De Sinne Skine
17:54 - Spice Girls - Stop
Diana de Groot

Sneon yn Fryslân

Fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. In fersykje oanfreegje of fertelle watst oan it dwaan bist? Lit it witte mei in app of sms op 06 20 499 199. No sneon rjochstreeks fan it Dickens Festijn yn Lemmer.
Presintaasje: 
Diana de Groot
(advertinsje)