Ferslachjouwer Koos Wieling docht earst ferslach fan de finales by de massastart by de froulju en manlju. Dernei reiziget hy ôf nei it Súdersportpark yn Snits om ferslach te dwaan fan de wedstriid ONS - Jong FC Twente. Wy hâlde jim ek op de hichte fan de stân fan Sv Spakenburg - Harkemase Boys.
En fansels in soad moaie muzyk. Jim thús kinne ek fersykjes oanfreegje fia de app op 06-20499199. En fertel ús dan ek efkes wêr't jim mei dwaande binne op dizze sneon.
Ek dizze sneon kinne jim grabbelje yn de tonne. Hearre jim de Ding Dong belje dan nei 058-2123618.