Sneon yn Fryslân fan 23 april 2016 13:00

Wer folop sport, moaie ferhalen en jo favorite muzyk fan 'e middei!

Wy begjinne de middei mei de Fryske sportkoer. De Fryske sportkoer wie ferline wike by Sietske Talsma. Sietske kuorballet al 60 jier by kuorbalklup Wêz Warber yn Goutum. Sy joech de koer troch oan Jappie Nijboer, ek belutsen by Wêz Warber. Wy belje fan 'e middei mei him.

En der is spannende fuotbal fan 'e middei. Spanning is der op sportpark De Bosk, dêr't Harkemase Boys kampioen wurde kin. Der moat wûn wurde fan CSV Apeldoorn en boppedat moat konkurrint Staphorst ferlieze. Spannend dus. Koos Wieling docht live ferslach.

Geert van Tuinen is ôfreizge nei Katwijk, dêr't ONS wichtige punten pakke moat yn de striid om liifsbehâld. En Drachtster Boys nimt it yn Harderwijk op tsjin VVOG. Dêr stiet neat mear op it spul want it doek foel twa wike lyn al foar de Drachtsters.

Ek fan 'e middei meie wy wer kaarten fuortjaan foar Aqua Zoo. Moarn (snein) is der wer in ôflevering fan de tv searje Us Dieretún. Programmamakker Herman Zeilsteen skoot aanst wer oan mei in nijsgjirrige priisfraach. De winner krijt twa 2 frijkaarten foar in besite oan it bistepark yn Ljouwert. Hoe't jo meidwaan kinne? Harkje om 14.15 oere en wy lizze alles út!

En fansels draaie wy wer jo moaiste plaatsjes. Fersykjes kinne trochjûn wurde troch te sms'en of appen nei 06 20 499 199. Maile kin ek nei diana@omropfryslan.nl. En wa wit draaie wy fan 'e middei jo favorite nûmer!

13:07 - Stranglers - Skin Deep
13:17 - André Hazes & André Hazes Junior - Bedankt Mijn Vriend
13:23 - John Miles - Music
13:31 - Marc Anthony - You Sang To Me
13:36 - Elske Dewall - Black Water
13:39 - Lytse Hille - As Ik Alles Eader Witten Hie
13:49 - Helga - Niemand Heeft Je Ooit Gezien
13:52 - Idea - To Love Somebody
14:08 - Hessel - Hip To Be Square
14:14 - George Harrison - What Is Life
14:24 - Butterfly - Aren Ut Skelpen
14:28 - Abba - Does Your Mother Know
14:34 - Nolan Sisters - I'm In The Mood For Dancing
14:40 - Swartbunt - It Sil Stoarmje
14:44 - Royksopp - Eple
14:47 - Road - Unchained Melody
15:06 - Alphabeat - Fascination
15:11 - Men At Work - Down Under
15:24 - Jim Reeves - Bimbo
15:27 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry
15:33 - Bzn - Just An Illusion
15:40 - De Hunekop - De Papegaai
15:52 - De Kast - Zij Zweeft
16:06 - Juanes - La Camisa Negra
16:12 - Sugar Lee Hooper - De Wandelclub
16:27 - Prince And The Revolution - Purple Rain
16:36 - Toontje Lager - Ben Jij Ook Zo Bang
16:39 - John Denver - Sunshine On My Shoulders
16:45 - Doede Veeman - Bart Jan
16:50 - Everything But The Girl - Missing
17:02 - Tears For Fears - Sowing The Seeds Of Love
17:09 - Vangrail - Naar De Zee
17:15 - Griet Wiersma - Gouden Swan
17:21 - Ray Peterson - Tell Laura I Love Her
17:24 - Inez Timmer - Minsk
17:29 - Freddy Fender - Wasted Days And Wasted Nights
17:34 - Years & Years - King
17:48 - Nick & Simon - Rosanne
17:51 - The Call - I Still Believe
17:55 - Europe - The Final Countdown
Share this page on:

Sneon yn Fryslân

Fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. In fersykje oanfreegje of fertelle watst oan it dwaan bist? Lit it witte mei in app of sms op 06 20 499 199. No sneon rjochstreeks fan it Dickens Festijn yn Lemmer.
Presintaasje: 
Diana de Groot
(advertinsje)