Sneon yn Fryslân fan 21 maaie 2016 13:00

    Wy begjinne de middei mei de Fryske sportkoer. De koer wie ferline wike by Henricjan Wind, foarsitter fan VV Hearrenfean. Sy waarden foarige wike snein kampioen yn de earste klasse en promovearje dêrmei nei de haadklasse. Tusken alle festiviteiten en huldigingen troch slagge Henricjan der gelokkich yn om de sportkoer nei Yme Waterlander te bringen. Hy is al mear as 30 jier frijwilliger by swimklup HZPC Hearrenfean. Wy belje fan 'e middei mei him.

    En fan 'e middei set de neikompetysje foar in soad Fryske amateurklups útein. Ien dêrfan is Balk, dy't it thús opnimt tsjin Go Ahead Kampen. Beide earsteklassers stride om promoasje nei de haadklasse.

    Ferslachjouwer Hijlko Broersma is yn Frjentsjer dêr't de sachte bal PC ferkeatst wurdt.

    Ek fan 'e middei meie wy wer kaarten fuortjaan foar Aqua Zoo. Moarn (snein) is der wer in ôflevering fan de tv searje Us Dieretún. Programmamakker Herman Zeilstra skoot aanst wer oan mei in nijsgjirrige priisfraach. De winner krijt twa 2 frijkaarten foar in besite oan it bistepark yn Ljouwert. Hoe't jo meidwaan kinne? Harkje om 14.15 oere en wy lizze alles út!

    En fansels draaie wy wer jo moaiste plaatsjes. Fersykjes kinne trochjûn wurde troch te sms'en of appen nei 06 20 499 199. Maile kin ek nei diana@omropfryslan.nl. En wa wit draaie wy fan 'e middei jo favorite nûmer!

    13:08 - Level 42 - Hot Water
    13:14 - Dire Straits - Calling Elvis
    13:25 - Jan Ft. Kraantje Pappie Smit - Handen Omhoog
    13:27 - Ferbean - Lik Op Stik
    13:34 - Keane - Somewhere Only We Know
    13:39 - Henk Wijngaard - Met De Vlam In De Pijp
    13:41 - Paul Carrack - Don't Shed A Tear
    13:47 - Leo Sayer - Thunder In My Heart
    14:06 - Aswad - Shine
    14:11 - Boney M - Brown Girl In The Ring
    14:15 - Royksopp - Eple
    14:19 - Who - Baba O'riley
    14:25 - Gurbe Douwstra - Lit Jim Gean, Friezen
    14:32 - Cliff Richard & The Young Ones - Living Doll
    14:43 - Mike Oldfield - Shadow On The Wall
    14:46 - Zebda - Tomber La Chemise
    15:06 - Handsome Poets - Sky On Fire
    15:11 - Die Twa - Eachkontakt
    15:15 - Elvis Presley - Are You Lonesome Tonight (Laughing Version)
    15:18 - Demis Roussos - Schönes Mädchen Aus Arcadia (Orgineel)
    15:26 - Billy Joel - Piano Man
    15:34 - Sheppard - Geronimo
    15:38 - Gerry & The Pacemakers - You'll Never Walk Alone
    15:41 - Laurika Rauch - Op Blouberg Se Strand
    15:49 - Pet Shop Boys - Go West
    16:05 - Michel Telo - Ai Se Eu Te Pego
    16:10 - Willie Nelson & Ray Charles - Seven Spanish Angels
    16:15 - Frank & Mirella - De Vissers Van San Juan
    16:22 - Steve Miller Band - Abracadabra
    16:28 - Abba - Summer Night City
    16:35 - Hanson - Mmmbop
    16:43 - Piet Veerman - Sailing Home
    16:48 - Makkumer Blues Brothers - Roppe En Raze (Op 'e Slachtedyk)
    16:52 - Pogues - Fiesta
    17:02 - Bruce Springsteen - Born In The Usa
    17:09 - Adele - Hello
    17:14 - Pitbull (Ft. John Ryan) - Fireball
    17:22 - Metallica - Nothing Else Matters (Orzjineel)
    17:32 - Mark Ronson (Ft. Bruno Mars) - Uptown Funk
    17:38 - Johnny Cash - I Walk The Line
    17:43 - Disturbed - Sound Of Silence
    17:47 - George Baker Selection - Paloma Blanca
    17:52 - Blondie - Heart Of Glass

    Diana de Groot

    Sneon yn Fryslân

    Sneon 29 septimber live by de Flaeijelfeesten yn Nijehoarne. Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.
    Presintaasje: 
    Diana de Groot
    (advertinsje)