Sneon yn Fryslân fan 2 maaie 2015 13:00

    Tegearre mei kok Liudger van der Meer meitsje wy hjoed echt Frysk spek klear. Dêr rint it wetter jo dochs fan yn de mûle?

    Frijwilligers Harm Jan Wilbrink en Sherwin Mercera fan Stichting Oan 'e dyk komme yn de studio. Sy sykje nije frijwilligers. Oan 'e dyk organisearret ferskate aktiviteiten yn de fiskersdoarpen Paesens-Moddergat. Sa hâlde se swerftochten oer it waad, waadekskursjes en tochten mei hynder en wein troch Noardeast Fryslân. Yn it lokaaltsje oan de dyk is in permaninte tentoanstelling oer de Waadsee.

    Hjoed is it feest yn Snits, dêr't de follybalfroulju en de fuotballers fan Snits Wyt Swart huldige wurde. Ferslachjouwer Freark Wijma docht fan 13.30 oere ôf live ferslach fan de feestlikheden.

    Johnny Nijholt fertelt ús oer it Iepen FK sloeproeien en Henk Posthumus bringt ús op 'e hichte oer de lêste omloop fan it FK damjen.

    En fansels binne wy ek wer op de sportfjilden te finen. Koos Wieling is by topklasser ONS dy't it yn Lisse opnimt tsjin FC Lisse. Foar de Snitsers is it saak om trije punten te pakken yn de striid om liifsbehâld. Andor Faber hâldt ús op 'e hichte van de thriller yn de haadklasse tusken koprinner DVS '33 en Harkemase Boys. Wolle de Boys noch kâns meitsje op de titel, dan moat der wûn wurde. Ek folgje wy de wedstriid tusken Drachtster Boys en VVOG.

    It resept foar echt Frysk spek

    • It resept foar echt Frysk spek

    Frijwilligers Harm Jan Wilbrink en Sherwin Mercera

    • Frijwilligers Harm Jan Wilbrink en Sherwin Mercera

    Oprop foar nije frijwilligers

    • Oprop foar nije frijwilligers

    Stichting Oan 'e dyk siket nije frijwilligers. Sykje jo noch in leuk frijwilligersbaantsje, wêrby't jo folop yn de natoer binne? Dan is dit krekt wat foar jo! Stjoer in mailtsje nei info@oanedyk.nl of sjoch op harren webside: www.oanedyk.nl.

    13:06 - Rick Astley - Never Gonna Give You Up
    13:12 - Mark Ronson Ft Bruno Mars - Uptown Funk
    13:18 - Lily Allen - Smile
    13:24 - Grut Pm-Shantykoar - It's Five 'o Clock In The Morning
    13:33 - Hot Chocolate - Girl Crazy
    13:41 - Kensington - War
    13:48 - Die Twa + Bennekoar Dr. Compagnie - Us Derek
    14:06 - Kylie Minogue - Can't Get You Out Of My Head
    14:11 - Matthias Reim - Verdammt Ich Lieb' Dich
    14:21 - Marco Borsato - Rood
    14:32 - Mumford & Sons - Babel
    14:40 - Elvis Presley - Are You Lonesome Tonight (Laughing Version)
    14:43 - Piter Wilkens - Jiskebultballade
    14:47 - Causes - Teach Me How To Dance With You
    14:54 - Anne Murray - You Needed Me
    15:05 - Sherbet - Howzat
    15:13 - Vanvelzen - Call It Luck
    15:21 - Alicia Keys - We Are Here
    15:27 - Dave Clark Five - Glad All Over
    15:33 - Grytz & Grize Mei Johannes Rypma - Alle Dagen Dy
    15:42 - Chris De Burgh - Missing You
    15:50 - Creedence Clearwater Revival - I Put A Spell On You
    16:05 - Stars On 45 - Stars On 45
    16:19 - Marcel Smit - De Westereen
    16:27 - Demis Roussos - My Friend The Wind
    16:34 - Rowwen Heze - Limburg (Live)
    16:41 - Willie Nelson & Ray Charles - Seven Spanish Angels
    16:48 - Griet Wiersma - Frijheid Kin Men Net Keapje
    17:03 - Mika - Celebrate
    17:17 - Elton John - Don't Let The Sun Go Down On Me
    17:23 - The Cats - Be My Day
    17:32 - Years & Years - King
    17:42 - Rolling Home - Jim Folk Fan Fryske Grun
    17:50 - Lost Frequencies - Are You With Me
    17:53 - Gurbe Douwstra - As It Myn Tiid Is
    Diana de Groot

    Sneon yn Fryslân

    Sneon 29 septimber live by de Flaeijelfeesten yn Nijehoarne. Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.
    Presintaasje: 
    Diana de Groot
    (advertinsje)