Sneon yn Fryslân fan 17 juny 2017 13:00

Tusken 16:00 en 18:00 sjogge wy mei Freark Wijma foarút op de striid om it Nederlânsk Kampioenskip tusken Blau Wyt en LDODK yn Bennekom.

Ek de Tonne is der fannemiddei wer by. Hearsto de Ding Dong? Belje dan 058-212 36 18!

Hasto in fersykje? App of sms dat nei 06-20 499 199

Ane Zijlstra hat dizze wike de sportkoer

  • Ane Zijlstra hat dizze wike de sportkoer

Wêr is de sportkoer dizze wike? Do hearst it yn Sneon yn Fryslân!

Sietske Poepjes leit út hoe'st Charlotte Russe makkest

  • Sietske Poepjes leit út hoe'st Charlotte Russe makkest

En fansels krigest in hearlik nij resept fan Sietske Poepjes. Dizze kear foar Charlotte Russe!

Yngrediïnten:

1 pak lange fingers
500 gram kwark
5 bledsjes sjelatine
250 ml slachrjemme
50 gram sûker
200 gram fruit ta dekoraasje
Beklaai in springfoarm fan 22 sm mei bakpapier op de boaiem en oalje oan de siden (binnenkant).
Beklaai dit op de boaiem mei lange fingers & oan de siden ek (rjocht op steand).

Weakje de sjelatine yn kâld wetter. Los it dernei op n 1 leppel wetter yn in pantsje op it fjoer. Mei net koatsje.

Klopje de slachrjemme op mei sûker (sa dik as yochert). Spatel de kwark dêrtroch en ek de sjelatine. Hjir kin noch wat fruit no troch hinne of in smaakje (rum, fanylje, amaretto, sinaasappelsap of wat jo lekker fine). Jit dit yn it mei lange fingers beklaaide bakblik en lit opstiivje yn iiskast.

Syb van der Ploeg oer it organisearjen fan de Mar-Athon fan Snits

  • Syb van der Ploeg oer it organisearjen fan de Mar-Athon fan Snits

Fierder ha wy dizze middei in soad omtinken foar de Mar-Athon dy't hjoed presies oer in wike is. Organisator Syb van der Ploeg komt del yn de studio om der oer te fertellen.

Willem de Boer sil alles jaan op de heale Mar-Athon

  • Willem de Boer sil alles jaan op de heale Mar-Athon

En wy hearre it ferhaal fan Willem de Boer, dy't twa jier ferlyn koprinner wie mar doe blessearre rekke. Dit jier wurdt syn revance.

Lourens Looijenga oer it Iepen NK Skoallekuorbal

  • Lourens Looijenga oer it Iepen NK Skoallekuorbal

Kuorbalferiening Leonidas fan Noardwâld hie in Open NK Schoolkorfbal organisearre dat 24 juny hâlden wurde soe. Mar doe stie der fan 'e moarn ynienen in hiel oar berjocht op Facebook... Foarsitter fan Leonidas Lourens Looijenga leit út.

13:05 - Moloko - Sing It Back
13:10 - Luis Fonsi Ft. Daddy Yankee - Despacito
13:20 - Sipke De Boer - Njonken Dy
13:24 - Randy Crawford & The Crusaders - Streetlife
13:37 - June Lodge - Someone Loves You Honey
13:41 - Charlie Puth - Attention
13:49 - Kaoma - Lambada
13:54 - Bertolf - Another Day
14:05 - Sheppard - Geronimo
14:09 - Ed Sheeran - Galway Girl
14:24 - 4 Non Blondes - What's Up
14:37 - 10Cc - Dreadlock Holiday
14:44 - Claudia De Breij - Mag Ik Dan Bij Jou
14:47 - Imagine Dragons - Thunder
14:52 - Syb - Wyn Yn De Seilen
15:05 - Yardbirds - For Your Love
15:07 - Niall Horan - Slow Hands
15:17 - Het Goede Doel - Hou Van Mij
15:23 - Shadows - Apache
15:35 - Gwen Stefani - Cool
15:38 - Rag'n Bone Man - Skin
15:45 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
15:49 - Gurbe Douwstra - Heit
15:53 - Clean Bandit Ft. Zara Larsson - Symphony
16:05 - Annie Lennox & Al Green - Put A Little Love In Your Heart
16:09 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
16:19 - Hunters - Russian Spy And I
16:33 - Adele - Send My Love (To Your New Lover)
16:38 - Chef Special - Try Again
16:42 - Golden Earring - Weekend Love (Live Fersy)
16:48 - Nicky Jam Ft. Enrique Iglesias - El Perdon
17:03 - Wax - Bridge To Your Heart
17:07 - Kygo Ft. Ellie Goulding - First Time
17:15 - Jannes - Na Na Na
17:19 - All Saints - Black Coffee
17:26 - John Travolta & Olivia Newton-John - You're The One That I Want
17:34 - Shawn Mendes & Camila Cabello - I Know What You Did Last Summer
17:41 - Bruno Mars - That's What I Like
17:54 - Serenes - Back To Wonder
Diana de Groot

Sneon yn Fryslân

Fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. In fersykje oanfreegje of fertelle watst oan it dwaan bist? Lit it witte mei in app of sms op 06 20 499 199. No sneon rjochstreeks fan it Dickens Festijn yn Lemmer.
Presintaasje: 
Diana de Groot
(advertinsje)