Sneon yn Fryslân fan 16 septimber 2017 13:00

    De Opstekker
    Hjoed begjinne wy mei in nije rubryk: De Opstekker. Alle wiken belje wy mei in Fryske sportferiening yn Sneon yn Fryslân om te freegjen wat der by harren spilet. Dat kin bygelyks gean oer de syktocht nei mear frijwilligers of sponsors, mar ek it opsetten fan in sûne sportferiening of in duorsume akkommodaasje. En hoe sit it mei de oanspraaklikheid fan bestjoerders as der wat bart mei spilers, publyk of de trainer? De Fryske sportferienings kinne net allinnich harren ferhaal dwaan, mar it bestjoer krijt boppedat in cheque dy't se ynsette kinne foar advys of in kursus fan Sport Fryslân. Ek meidwaan oan dizze rubryk? Opjaan kin troch in mailtsje te stjoeren nei hulpvoorclubs@sportfryslan.nl. Direkteur Anne Jochum de Vries komt lâns om te fertellen wat Sport Fryslân allegearre docht.

    En fansels ha wy wer efkes kontakt mei Sietske Poepjes foar in lekker resept! Dit kear makket se Yslânske Skúffukaka (sûkelade brownies) mei ús.

    Yngrediïnten
    - 500 gr blom (troch de seef)
    - 250 gram sûker
    - 150 ml molke
    - 150 gram skyr (Yslânske yoghurt, of oare dikke yoghurt)
    - 150 gram smolten bûter
    - 80 gram smolten sûkelade
    - 50 ml waarme kofje
    - 2 aaikes
    - Pûdsje fanyljesûker
    - 15 gram bakpoeier
    - 3 grutte leppels cacoa
    - 1 grutte leppel kanyl
    - Bytsje sâlt

    Ming de blom mei it bakpoeier en de sûker en sâlt. Rier hjir de oare droege yngrediïnten by. Ming de wiete yngrediïnten yn in oare kom. Ming dit letter op de hân ta yn gehiel. Jit dit yn in bakblik fan 35 by 25 cm en al dit op 175 graden foar 40 min. Lit goed ôfkuolje.

    Kinst der in glazuerlaach op oanbringe. Ming 100 gram bûter mei in mikser mei 300 gram poeiersûker. Rier hjir fanyljesûker trochhinne, en smar dit op de ôfkuolle brownies. Kinst hjir ek noch wat kokos oer hinne struie. Lekker ite!

    Sietske Poepjes

    Anne Jochum de Vries oer de Sportwike

    • Anne Jochum de Vries oer de Sportwike

    Anne Jochum de Vries fertelt wat Sport Fryslân docht

    • Anne Jochum de Vries fertelt wat Sport Fryslân docht

    It IIslânske resept fan Sietske Poepjes

    • It IIslânske resept fan Sietske Poepjes

    13:06 - Roxette - How Do You Do
    13:10 - Jonas Blue - Mama
    13:18 - Sebeare - Lit Us Gean
    13:36 - Alison Moyet - Is This Love
    13:45 - Katy Perry Ft. Skip Marley - Chained To The Rhythm
    13:53 - Aerosmith - Dream On


    14:05 - Lost Frequencies Ft. Janieck Devy - Reality
    14:11 - Lucas & Steve - Up Till Dawn
    14:16 - Prince - Money Don't Matter Tonight
    14:37 - Sytse Haima - Dat Ik Neist Dy Lizze Mei
    14:42 - Ed Sheeran - Perfect
    14:53 - Diana Ross - My Old Piano


    15:05 - Rolling Stones - Satisfaction
    15:12 - Fresh Coast Boy Next Door & Jody Bernal - La Colegiala
    15:20 - Dolly Dots - Love Me Just A Little Bit More
    15:24 - Boxtops - The Letter
    15:35 - Gavin Degraw - Follow Through
    15:40 - Rene Froger - Just Say Hello
    15:45 - Bricquebec - Ien Kear
    15:53 - Natalie Imbruglia - Torn
    16:05 - Simple Minds - Don't You Forget About Me
    16:11 - Luis Fonsi Ft. Daddy Yankee - Despacito
    16:15 - Freda Payne - Band Of Gold
    16:21 - First Aid Kit - My Silver Lining
    16:37 - Sipke De Boer & Band - Wer Is Myn Bloeske
    16:41 - Creedence Clearwater Revival - Who'll Stop The Rain
    16:44 - Black Eyed Peas - I Gotta Feeling
    16:54 - Bryan Adams & Melanie C. - When You're Gone
    17:02 - Kensington - Fiji
    17:06 - Earth, Wind & Fire - Shining Star
    17:12 - Katrina & The Waves - Walking On Sunshine
    17:17 - J. Geils Band - Centerfold
    17:21 - Splitsing - Wind En Zeilen
    17:25 - Kool & The Gang - Celebration
    17:36 - Omi - Cheerleader
    17:43 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back
    17:48 - De Kast - Op 'e Fyts
    17:54 - Shocking Blue - Venus
    Diana de Groot

    Sneon yn Fryslân

    Sneon 29 septimber live by de Flaeijelfeesten yn Nijehoarne. Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.
    Presintaasje: 
    Diana de Groot
    (advertinsje)