Sneon yn Fryslân fan 16 novimber 2019 13:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    resept fan Sietske Poepjes

    Sietske Poepjes hat hjoed in tapaslik resept foar ús: spekulaas.

    Yngredienten
    15 ml molke
    100 gram sûker
    150 gram blom
    75 gram bûter
    1 teeleppel bakpoeier
    75 gram brûne basterdsûker
    5 gram Spekulaaskrûden
    bytsje noatmuskaat
    bytsje krûdnagelpoeier
    Ferwaarm de oven op 175 graden. Pak in stik bakpapier en in bakplaat.
    Ferwaarm de molke en lit de gewoane sûker d'r yn oplosse. Ming yn in oare kom de blom, sûker, bûter, krûden en bakpoeier en meitsje in kûltsje. Jit de swiete molke hjiryn en meitsje in daai hjirfan. Lit 15 min opstiifje yn kuolkast.
    Rol út en stek der koekjes fan. Bak ôf yn 15 min yn oven. Foar it iten in tikje ôfkuolje litte.

    reüny Rinsumageast-Sibrandahûs

    Op 20 juny 2020 hâlde de doarpen Rinsumageast en Sibrandahûs tegearre wer in grutte reüny. Hoewol sy dit al foar de 4e kear dogge, is it alwer 20 jier lyn dat de lêste reüny holden waard.

    Oan de tillefoan Klaas Houtstra, foarsitter fan de reünykommisje.

    Trijntje Oosterhuis

    De ôfrûne wike wie in spannende wike foar sjongeres Trijntje Oosterhuis. Jûn sil se optrede yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. Dat is noch gjin reden om senuweftich te wurden. Mar... komplisearjende faktor is wol... sy sil mei Rens Kroes (suske fan Doutzen) in nûmer dwaan yn it Frysk. Dit hat alles te krijen mei de Wereld zonder jou-challenge dy't by de toer ûntstien is.

    Ferhalewedstriid St. Alde Fryske Tsjerken

    De stifting Alde Fryske Tsjerken en it Friesch Dagblad organisearje tegearre in ferhalewedstriid. Oanlieding is it 50-jierrich bestean fan de stifting Alde Fryske Tsjerken. Tsjerken binne net samar gebouwen. It binne faak plakken dêr't minsken in protte belibbe hawwe, sa as de doop, trouwen, of routsjinsten. Ria Kraa, haadredakteur fan it Friesch Dagblad, leit út wat foar ferhalen sy sykje.

    Ferhalen kinne foar 15 jannewaris stjoerd wurde nei secretariaat@frieschdagblad.nl of nei info@aldefrysketsjerken.nl.

    Peinder Mieden Bosk

    De Peinder Mieden is net samar in nijbouwyk... dat moat in hiel natuerlike wenwyk wurde, sa is fan it begjin ôf al sein. Fannemiddei is begongen mei it oanlizzen fan in bosk, mei fruit en bei-beammen. Hoe't dat allegear gong wit Jentsje Steegstra

    13:04 - Juanes - La Camisa Negra
    13:10 - Niall Horan - Nice To Meet Ya
    13:12 - Incognito - Don't You Worry 'bout A Thing
    13:21 - Sytse Haima - Dyn Eagen
    13:23 - Mark Ronson Ft. Miley Cyrus - Nothing Breaks Like A Heart
    13:34 - U2 - Pride
    13:38 - Joe Buck - The Way You Take Time
    13:45 - Rupert Holmes - Him
    13:48 - Robert Palmer - Mercy Mercy Me


    14:06 - Lois Lane - I Wanna Be
    14:15 - Felix Jaehn & Jasmine Thompson - Ain't Nobody
    14:25 - Rick Astley - Whenever You Need Somebody
    14:34 - Travie Mccoy Ft. Bruno Mars - Billionaire
    14:38 - Marco Borsato & Trijntje Oosterhuis - Wereld Zonder Jou
    14:43 - Dan + Shay & Justin Bieber - 10,000 Hours
    14:50 - Narada Michael Walden - Gimme Gimme Gimme
    14:54 - Johannes Rypma - In Groet


    15:05 - Donna Summer - This Time I Know It's For Real
    15:10 - R.E.M. - Losing My Religion
    15:15 - Murk Aukema - Don't Know Why
    15:24 - Freda Payne - Band Of Gold
    15:33 - Derek & The Dominos - Layla
    15:43 - Suzan & Freek - Blauwe Dag
    15:46 - Vanvelzen - When Summer Ends
    15:55 - Folkert-Hans Tolsma - De Taal Fan Muzyk


    16:05 - Hooters - Satellite
    16:11 - Why Don't We - What Am I
    16:15 - John Bon Jovi - Midnight In Chelsea
    16:25 - Stromae - Tous Les Memes
    16:35 - The Kik - Cupido
    16:38 - Post Malone - Circles
    16:47 - Pigmeat - Herman Moest Naar Brada [Liwwarders]
    16:54 - Erasure - Sometimes
    17:04 - Rolf Sanchez - Emma Heesters - Pa Olvidarte
    17:09 - Gerard Cox - 't Is Weer Voorbij Die Mooie Zomer
    17:17 - Chris Andrews - To Whom It Concerns
    17:25 - Eddy Zoey - Bijna
    17:34 - Tones And I - Dance Monkey
    17:37 - Luv' - Trojan Horse
    17:45 - Sandra Kim - J'aime La Vie
    17:48 - Bzn - Oh Me Oh My
    17:52 - Scorpions - Hello Josephine
    17:54 - Donna Summer - I Feel Love

    Diana de Groot

    Sneon yn Fryslân

    Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.
    Presintaasje: 
    Diana de Groot
    (advertinsje)