Sneon yn Fryslân fan 16 maaie 2015 13:00

    Wy begjinne de middei mei in lekker resept foar Riftkoekjes. Wat dat binne? Jo hearre it fan kok Liudger van der Meer.

    En fansels ha wy wer twa entûsjaste frijwilligers yn de studio. Dit kear binne Bertus Volbeda en Marjolein Staal fan it natoer-miljeu-edukaasjesintrum De Klyster te gast. Sy sykje nije natoergidsen dy't mei de bern fan de basisskoallen de natoer yn gean. Wêr moat jo oan foldwaan as natoergids? Bertus kin it ús fertelle!

    It Fryske amateurfuotbal makket him op foar de neikompetysje. Ferslachjouwer Andor Faber folget foar ús de wedstriid tusken DETO en Balk. Yn Vriezenveen gean de Balksters de striid oan om promoasje nei de haadklasse. Ek hâlde wy jo op 'e hichte fan de oare Fryske klups dy't yn de neikompetysje yn aksje komme.

    Wy krije spesjale gasten yn de studio. Syb van der Ploeg en Dimitri Ravensbergen komme lâns om te fertellen oer de Maraton fan Snits. De ynskriuwing rint noch oant en mei woansdei 20 maaie. De heale maraton hurdrinnen sit al fol, mar foar de hiele maraton hurdrinnen en de heale en hiele maraton kuieren is noch wol romte.

    En om 17.00 oere giet it los op sportpark De Bosk! Harkemase Boys trapet dan ôf tsjin Staphorst yn in spannende bekerfinale. Koos Wieling docht live ferslach op de radio en jo kinne de wedstriid fan 16.45 oere ôf ek folgje op televyzje by Omrop Fryslân.

    Folop sport, spanning, lekker iten en moaie ferhalen. It binne de yngrediïnten fan in hearlike middei Sneon yn Fryslân!

    Liudger van der Meer fertelt hoe't je de koekjes meitsje moatte

    • Liudger van der Meer fertelt hoe't je de koekjes meitsje moatte

    Marjolein Staal en Bertus Volbeda sykje nije frijwilligers foar De Klyster

    • Marjolein Staal en Bertus Volbeda sykje nije frijwilligers foar De Klyster

    Meidwaan oan de maraton fan Snits kin noch!

    • Meidwaan oan de maraton fan Snits kin noch!
    13:04 - Dusty Springfield - In Private
    13:10 - James Bay - Hold Back The River
    13:15 - Alexander Rybak - Fairytale
    13:21 - Dubliners - Seven Drunken Nights
    13:27 - De Hunekop - Moaie Simmer
    13:33 - Amii Stewart - Knock On Wood
    13:37 - Healers - It Fjoer Is Ut
    13:43 - Robin Thicke - Blurred Lines (Ft. T.I. & Pharrell)
    13:47 - Abel - Onderweg
    13:51 - Sugar Lee Hooper - De Wandelclub
    13:55 - Boxtops - The Letter
    14:05 - Alphabeat - Fascination
    14:10 - Eddie Rabbit - Drivin' My Life Away
    14:18 - Munchener Freiheit - Tausendmal Du
    14:26 - Drukwerk - Marianneke
    14:32 - Spider Murphy Gang - Skandal Im Sperrbezirk
    14:39 - Marcel Smit - 't Kastje
    14:44 - Zweep Van Der Pieter - Smoorverliefd
    14:48 - Diggelfjoer - Heit Mei 'k Mei (Live)
    14:55 - Katy Perry - I Kissed A Girl
    15:03 - Boomtown Rats - I Don't Like Mondays
    15:10 - Mark Ronson Ft Bruno Mars - Uptown Funk
    15:22 - Gerrit Breteler - Lit Us Derom Drinke
    15:25 - Dire Straits - Water Of Love
    15:33 - Taylor Swift - Shake It Off
    15:38 - Loreen - Euphoria
    15:42 - Andre Van Duin - Zeilen Op De Wind Van Vandaag
    15:51 - Fats Domino - Blueberry Hill
    15:55 - Johannes Rypma - In Groet
    16:04 - Racoon - Guilty
    16:08 - Kirsty Maccoll - A New England
    16:25 - Coldplay - Clocks
    16:32 - Jazzpolitie - Liefdesliedjes
    16:45 - Buddy Holly - Because I Love You
    16:48 - Freddy Quinn - Junge Komm Bald Wieder
    Diana de Groot

    Sneon yn Fryslân

    Sneon 29 septimber live by de Flaeijelfeesten yn Nijehoarne. Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.
    Presintaasje: 
    Diana de Groot
    (advertinsje)