Sneon yn Fryslân fan 16 desimber 2017 13:00

Hjoed rjochtstreeks fan it Dickens festijn fan De Lemmer ôf.

Sneon yn Fryslân is hjoed live fanôf de krystfair op De Lemmer. It wurdt ek wol it Dickensfestijn neamd. Twa dagen lang binne wy der by yn it sintrum fan De Lemmer, dat hielendal omtsjoend is as in Ingelsk fiskersdoarp yn de Fiktoariaanske tiid. Fannemiddei mei Sneon yn Fryslan ek live op TV en moarn op de radio, mei Johan Terpstra en Snein yn Fryslân. Om de binnenhaven fan De Lemmer hinne is in winterfair, flakby ús poadium leit in echte iisbaan en fierder binne de poadia mei muzyk, krystkoaren, teateracts en dûnsfoarstellingen. Ferslachjouwer Bauke Deelstra rint oer de krystmerk.

Ek ha we fannemiddei live muzyk fan Weima & van der Werf en Wiebe Kaspers.

Sietske Poepjes hat wer in lekker resept foar ús. Dizze kear is dat it resept foar in krystbôle.

Ek de sport ferjitte we net. Ferslachjouwer Koos Wieling docht ferslacht fan de wedstriid Harkemase Boys tsjin DOVO. We hâlde jim op de hichte fan de stân by de wedstriid DVS'34 tsjin ONS.

Fansels kinne jim in fersykje oanfreegje of in leuk berjochtsje stjoere, app dan 06-20 499 199.

Kryststol

Lekker krystbrea dat lang hâldber is en oanklaaid wurde kin mei wat jo lekker fine.

Resept yn it Hollânsk

100 gram ongezouten pistache of hazelnootjes
1 ei
7 gram gist
350 gram bloem
40 gram suiker
0,5 teelepel koekkruiden of speculaas
snufje kardemom
Sinaasappelrasp
120 gram zachte boter
125 gram rozijnen en krenten of cranberries
250 gram amandelspijs
poedersuiker

Verwarm de oven op 180 graden en rooster de nootje. Voor een paar minuten.

Lost het gist op in lauwwarm water (niet te heet). Roer het ei hierdoor heen. Zet weg. Meng in een andere kom de bloem, de suiker koekkruiden en verse kardemom. Als laatste de sinaasappelrasp. Voeg een snuf zout toe. Meng het eimengsel en 60 gram boter hierdoor. Kneed lichtjes en zet aeg voor 15 min.

Meng de rozijnen, krenten of cranberries hier door en ook de nootjes. Kneed weer lichtjes en zet weer weg, nu voor een half uur.

Bereid het amandelspijs zoals op de verpakking aangegeven.

Rol het deeg nu uit tot een platte lap. Leg hier het amandelspijs in worstvorm op en vouw het deeg hierom heen. Laat het brood nu rusten onder een theedoek tot het 1,5 keer zo groot is. Bak in een oven op 180 graden voor 35 min.

Bestrijk de warm kerststol met de rest van de boter en strooi poedersuiker er over heen.

Lekker ite en in noflike Kryst!

Diana de Groot

Sneon yn Fryslân

Fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. In fersykje oanfreegje of fertelle watst oan it dwaan bist? Lit it witte mei in app of sms op 06 20 499 199. No sneon rjochstreeks fan it Dickens Festijn yn Lemmer.
Presintaasje: 
Diana de Groot
(advertinsje)