Sneon yn Fryslân fan 15 april 2017 13:00

It is hjoed it begjin fan it Nostalgy wykein by Omrop Fryslân. Doch mei oan it spultsje Kreakje de kras en win in moaie platespiler mei fjouwer lp's. As jim de oanwizingen hearre, belje dan mei 058-212 36 18.

Fansels ûntbrekt ek de sport net dizze middei. Der is dit wykein in ynhel- en bekerprogramma. Ferslachjouwer Koos Wieling is nei Hendrik-Ido_Ambacht ôfreizige om ferslach te dwaan fan de wedstriid ASWH-Harkemase Boys.
Geert van Tuinen sit by de wedstriid yn 4A Skearnegoutum-VHK. Skearnegoutum docht it goed. Foarich jier promoveare en no dogge sy wer mei foar it kampioenskip.

Ek de Tonne is der fannemiddei wer by. Hearsto de Ding Dong?? Belje dan 058-212 36 18!

Ha jim hjoed in fersykje út de jierren 60, 70 of 80? App of sms dat nei 06-20 499 199

koer bij Pieter Bolstra

  • koer bij Pieter Bolstra

De koer is der ek gewoan. Hy wie foarige wike by Eldert van der Dam fan it Hearrenfean dy't frijwilliger is by VV Heerenveen en meiwurker by sportklup Hearrenfean. Wêr is de koer no bedarre? By Pieter Bolstra fan it Hearrenffean dy't frijwilliger is by Unis Flyers.

Sietske Poepjes mei it resept

  • Sietske Poepjes mei it resept

Sietske Poepjes hat hjoed hiel tapaslik in nostalgysk resept foar ús: appeltaart.

It resept fan dizze appeltaart is:
 350 gr blom
 2 tl bakpoeier
 ½ sitroen (skyl rasp)
 ¼ tl sâlt
 1 tl fanylje ekstrakt
 175 gr wite basterdsûker
 ½ aai
 250 gr bûter.
 125 gr amandelspijs
 ½ – 1 ei, los kloppe
 5 à 6 grutte goudrenetten of jonagolds, yn stikjes
 2 tl kanyl
 2-4 el wite basterdsûker.
 60 gr resinen
Ming de blom mei it bakpoeier. Rier de rasp der troch en it sâlt plus fanylje. Rier der de sûker troch en it aai. Sny de kâlde bûter yn lytske blokjes en kneedzje dit mei de hân troch it moal.

Ferwaarm de oven op 180 graden. Beklaai in foarm van 22 cm mei it beslach mei 3/4 fan beslach. Ming yn in oare kom de appels mei it sûker, resinen en kanyl. Jit dit op it beslach yn de foarm. Rol mei de oare 1/3 fan beslach lange trieden en fersier hjirmei boppe op de appels de taart, yn in rút foarm. Bestryk dit mei it kloppe aaie. Bak yn de oven foar 75 min. Helje pas út foarm at it ôfkuolje is.

Diana de Groot

Sneon yn Fryslân

Fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. In fersykje oanfreegje of fertelle watst oan it dwaan bist? Lit it witte mei in app of sms op 06 20 499 199. No sneon rjochstreeks fan it Dickens Festijn yn Lemmer.
Presintaasje: 
Diana de Groot
(advertinsje)