Sneon yn Fryslân fan 14 oktober 2017 13:00

Alle wiken hawwe wy de Opstekker fan Sport Fryslân mei in wearde fan 300 euro. De feriening mei dit besteegje oan in saak dy't dêr hiel bot nedich is. En wêr giet de Opstekker fan dizze wike hinne? Hy giet nei Wolter Rozenberg fan VV Jobbegea.
Sietske Poepjes hat wol in hiel spesjaal resept foar ús dizze middei: After diner cake mei pastinaak (sûchwoartel).

Ek de sport wurdt net ferjitten. Ferslachjouwer Koos Wieling is ôfreizige nei Hurderwyk om ferslach te dwaan fan VVOG tsjin ONS. En Geert van Tuinen is yn Katwyk by de wedstriid Quick Boys tsjin Harkemase Boys.

Fansels is de tonne der ek wer. Hearst de ding dong? Belje mei 058-212 36 18.
En de fersykjes kinst appe nei 06-20 499 199.

De opstekker fan dizze wike giet nei Wolter Rozenberg fan VV Jobbegea

Resept fan Sietske Poepjes

After diner cake mei pastinaak (sûchwoartel)

Yngrediïnten:

200 gram pastinaak (sûchwoartel)

100 gram ynmakke ananasstikjes

1 mespuntsje cayennepiper

1 ytleppel spekulaaskrûden

3 aaien

100 gram huning

150 sêfte bûter

150 gram patentblom

1 teeleppel bakpoeier

Topping: 

200 gram maskarpone

3 ytleppels stampte mûskes

1 mespunt anyspoeier

Skyl de pastinaak en rasp hiel fyn. Ferwaarmje de oven foar op 160 graden. Fetsje in cakeblik fan 24 cm yn.

Ming de rasp mei de ananas, de krûden en in bytsje sâlt. Klopje de aaien op mei de helte fan de huning. Klopje mei de oare helte de bûter op. Rier de souwe blom mei bakpoeier troch it aaimingsel. Rier hjir ek in bûtermingsel troch en as lêste de pastinaakmassa. Skep yn bakblik en bak foar 45 min. Goed ôfkuolje litte.

Ferwaarmje de maskarpone yn in pantsje en rier hjir de de mûskes en it anys troch. It mei net siede! Lit ôfkuolje en jit it dan oer de cake. Goed opstiifje litte.

Lekker by de kofje nei it iten.

13:05 - Ellie Goulding - Love Me Like You Do
13:10 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
13:19 - Gurbe Douwstra - Yn In Doarp As De Pein
13:22 - George Michael & Elton John - Don't Let The Sun Go Down On Me
13:36 - Ten Sharp - You
13:40 - Zayn Ft. Sia - Dusk Till Dawn
13:50 - Sweet - Ballroom Blitz
13:54 - Overdrive Bachman, Turner - You Ain't Seen Nothing Yet


14:05 - Alan Parsons Project - Don't Answer Me
14:09 - Calvin Harris - Feels
14:14 - Something Happens - Parachute
14:21 - Beatles - Hello Goodbye
14:25 - Amy Winehouse - Rehab
14:36 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
14:41 - Jos Harteveld - Maaike
14:48 - Niall Horan - Slow Hands
14:51 - Hessel - Somebody Told Me
15:05 - Natasha Bedingfield - Unwritten
15:09 - Maroon 5 Ft. Sza - What Lovers Do
15:16 - Holly Johnson - Americanos
15:25 - Sytse Haima - Wat Fliksto My No
15:37 - E.L.O. - Mr. Blue Sky
15:45 - Pink - What About Us
15:54 - Dennis Edwards & Siedah Garrett - Don't Look Any Further
16:06 - Rolling Stones - Love Is Strong
16:10 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back
16:17 - Queen - The Show Must Go On
16:35 - Mika - Big Girl (You Are Beautiful)
16:41 - Miley Cyrus - Malibu
16:51 - Piter Wilkens - Liwwadder Blues
16:54 - Kym Sims - Too Blind To See It
17:01 - Justin Bieber & Bloodpop - Friends
17:05 - Jessie J. Ft. B.O.B. - Price Tag
17:13 - Inner Circle - Games People Play
17:17 - Nickleback - Never Gonna Be Alone
17:25 - Hall & Oates - Maneater
17:35 - Kensington - Bridges
17:38 - Toad The Wet Sprocket - Walk On The Ocean
17:44 - Script - Rain
17:48 - Aafke Zuidersma - Minsk Fan Wearde
17:52 - Beyonce - Crazy In Love
17:56 - Alphabeat - Fascination

Share this page on:

Sneon yn Fryslân

Fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. In fersykje oanfreegje of fertelle watst oan it dwaan bist? Lit it witte mei in app of sms op 06 20 499 199. No sneon rjochstreeks fan it Dickens Festijn yn Lemmer.
Presintaasje: 
Diana de Groot
(advertinsje)