Sneon yn Fryslân fan 13 augustus 2016 13:00

    Folop sport fan 'e middei. Fansels dogge wy live ferslach fanôf it wedstriidwetter fan Hylpen, dêr't fan 'e middei de earste wedstriden fan de IFKS hâlden wurde. Gjalt de Jong en Afke Boven dogge fan 14.00 oere ôf live ferslach! En Koos Wieling hâldt ús op 'e hichte fan it fierljeppen yn Winsum dêr't hjoed ljept wurdt om de Fryske titel.

    Ek de fuotballers komme dit wykein foar it earst wer yn aksje. ONS Boso Snits begjint it nije seizoen op eigen fjild en nimt it op tsjin ASWH út Hendrik-Ido-Ambacht, dêr't Hijlko Broersma ferslach fan docht. Harkemase Boys begjint mei in útwedstriid yn en tsjin Huizen.

    En mear sport, want de Fryske sportkoer wie ferline wike by Ynskje Eisema. Sy is frijwilliger by de Reddingsbrigade op De Lemmer. Ynskje joech de koer troch oan Johan Koopmans, frijwilliger by sportklup Boarnburgum. Wy belje fan 'e middei mei him.

    Wy ha wer efkes kontakt mei Gerlof van der Werf, dy't ús op 'e hichte hâldt fan de silerij op de Snitswike. En fansels belje wy wer efkes mei Roelof de Vries foar in Rio update.

    En wat is in middei sûnder muzyk. Do kinst dyn fersykjes wer trochjaan fia de app en sms nei 06 20 499 199.

    13:07 - O-Zone - Dragostea Din Tei
    13:11 - Golden Earring - Back Home
    13:22 - Curtis Stigers - I Wonder Why
    13:29 - Bzn - Sweet Silver Anny
    13:36 - Emeli Sande - Next To Me
    13:47 - Ike & Tina Turner - Baby Get It On
    14:07 - Inner Circle - Games People Play
    14:13 - Onerepublic - Secrets
    14:18 - Elske Dewall - Black Water
    14:32 - James Lloyd - Keep On Smiling
    14:37 - Andre Van Duin - Zeilen Op De Wind Van Vandaag
    14:45 - Rolling Stones - Satisfaction
    14:50 - Sipke De Boer - It Lan Fan Mar En Wille
    15:08 - Two Man Sound - Disco Samba
    15:21 - Dolly Parton - 9 To 5
    15:26 - Gurbe Douwstra & Spijkerpakkenband - Cliffs Of Moher
    15:36 - Coldplay - A Sky Full Of Stars
    15:45 - Stef Ekkel & Rene Karst - Liever Te Dik In De Kist
    16:14 - Train - Hey Soul Sister
    16:22 - Madonna - Holiday
    16:36 - Mavericks - Someone Should Tell Her
    16:44 - Bruno Mars - Grenade
    16:52 - Sam Feldt X Lucas & Steve Feat W - Summer On You
    17:04 - Bon Jovi - You Give Love A Bad Name
    17:16 - Jitske Draijer & Fanfarekorps Studio - De Sprong
    17:29 - Sergio Mendes & Brasil '66 - Mas Que Nada
    17:34 - Handsome Poets - Sky On Fire
    17:42 - Dua Lipa - Be The One
    17:54 - Wiegels Wjukkelmasine - Yn De Rein
    Diana de Groot

    Sneon yn Fryslân

    Sneon 29 septimber live by de Flaeijelfeesten yn Nijehoarne. Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.
    Presintaasje: 
    Diana de Groot
    (advertinsje)