Sneon yn Fryslân fan 12 augustus 2017 13:00

Hjoed alwer de sânde wedstriid fan it SKS skûtsjesilen. Se sile by Starum en fansels is Omrop Fryslân derby. Geartsje de Vries en Gjalt de Jong dogge wiidweidich ferslach.
Doch ek mei oan de Skûtsjepool by Omrop Fryslân. Sjoch op www.omropfryslan.nl/skutsjesilen.
En alle nijs en de live stream fan it skûtsjesilen is hjirop te finen.

Ferslachjouwer Koos Wieling sit by it FK fierljeppen. Hy hâldt ús folslein op de hichte fan it ferrin fan de wedstriden yn de ferskate kategorieën.

Fierder is de camper hjoed ek wer op paad. Ferslachjouwer Lennie Bronsveld is yn Drachten.

De Fryske Sportkoer is by Wolter Zwart

  • De Fryske Sportkoer is by Wolter Zwart

En fansels ferjitte we de koer net. Dy wie foarige wike by Alieke Bregman, sy jout training en is coach fan synchroomswimmers. Se hat him trochjûn oan Wolter Zwart. Hy docht in soad foar it hurdfytsen yn it Noarden.

Recept Sietske Poepjes

  • Recept Sietske Poepjes

Sietske Poepjes hat ek dizze wike wer in resept foar ús. En wol in hiel spesjaal resept!

Resept deep dish pizza út Chicago

Foar de boaiem:

• 300 gr blom
• 150 ml lau wetter
• 10 g gjest
• 1 leppel olyf oalje
• 1 teleppel sâlt

Ming de blom mei de sâlt & it gjest. Jit it wetter en de oalje d'rby. Ming dit op de hân ta in bol. Lit rêste foar ûngefear 1 oere op in waarm plakje.
Beklaai in ynfetten bakblik (dus in taartfoarm, gjin gebrûkelike pizzaplaat) hjirmei (as wie it in appeltaart).
Bak koart yn in oven op 200 graden foar 8 minuten.

Foar de fulling:

• 1 lytse sipel
• 2 a 3 stikjes knoflook
• 1 lyts blikje tomatensaus
• 1 blik ynmakke tomaten, útlekt
• 2 ytleppels ketchup
• 1 teeleppel oregano
• farske basilicum
• bytsje sûker
• sâlt en pipe
• Paprika, courgette, champignon (yn stikjes)
• 100 gram mozzarella
• stikjes chorizo
• 200 gram raspe tsiis
Bak de sipel op tegearre mei de knoflook. Jit de tomaten en ketchup hjirby. Bring op smaak mei oregano, sûker en sâlt en piper. Lit dit 20 minuten troch siere.
Beklaai de boaiem mei de mozzarella. Jit ittomatemingsel yn de pizzafoarm boppe op de mozzarella. De stikjes paprika, courgette en champignon kinne hjir boppe op. Meitsje ôf mei de chorizo en de tsiis.

Bak ôf yn de oven foar 25 minuten op 220 graden.

13:04 - Kym Sims - Too Blind To See It
13:09 - Jonas Blue - Mama
13:16 - Brandewyn - Judith
13:24 - Glen Campbell - Rhinestone Cowboy
13:34 - Terence Trent D´Arby - Dance Little Sister
13:43 - Van Geeft 'm Ft. Dennis Franke - Do Bist De Sinne
13:50 - Ed Sheeran - Galway Girl
13:56 - Bounty Hunters Ft. Johannes Rypma - Skutsjesilen
14:06 - Temptations - My Girl
14:13 - Anne-Marie - Ciao Adios
14:20 - Emmelie De Forest - Only Teardrops
14:25 - Dubeldyk - Skipper, Jou My In Kans
14:37 - Fresh Coast Boy Next Door & Jody Bernal - La Colegiala
14:43 - Bee Gees - Night Fever
14:54 - Niall Horan - Slow Hands


15:07 - Kensington - Bridges
15:14 - De Dijk - Ik Kan Het Niet Alleen
15:42 - Azoto - San Salvador
15:48 - Pigmeat - De Alde Boekebeam
16:05 - B-52's - Love Shack
16:12 - Calvin Harris Ft. Various Artist - Feels
16:16 - De Hunekop - Jild
16:22 - Marvin Gaye & Tammi Terrel - Ain't No Mountain High Enough
16:46 - Stiet As Quo - Rocke Troch It Fryske Wald
16:51 - Jennifer Lopez - Let's Get Loud


17:03 - Chef Special - Try Again
17:12 - J. Geils Band - Centerfold
17:18 - Anneke Douma - Skutsjesile
17:34 - Lost Frequencies Ft. Janieck Devy - Reality
17:40 - Enrique Iglesias - Subeme La Radio
17:48 - Alexia - Uh La La La
17:52 - Kelly Clarkson - Since You've Been Gone
17:55 - Avicii - Addicted To You

Diana de Groot

Sneon yn Fryslân

Fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. In fersykje oanfreegje of fertelle watst oan it dwaan bist? Lit it witte mei in app of sms op 06 20 499 199. No sneon rjochstreeks fan it Dickens Festijn yn Lemmer.
Presintaasje: 
Diana de Groot
(advertinsje)