Sneon yn Fryslân fan 11 novimber 2017 13:00

    Op It Hearrenfean yn Thialf is dit wykein it wrâldbeker reedriden. Fan 'e middei steane de ôfstannen 500 meter manlju, 1500 meter froulju, 1500 meter manlju, 500 meter froulju en finale massastart froulju/manlju op it programma. Ferslachjouwers Koos Wieling en Roelof de Vries dogge ferslach.

    Fan 'e middei is ek de ôftraap fan de Fryske Top 100. Jim kinne no wer stimme op www.frysketop100.nl. Dus jou dyn favorite top 5 troch!
    Geert van Tuinen is it hiele wykein mei ús Top 100 dûbeldekker op 'en paad. Hy is fan 'e middei by de iepen dei by rederij Wagenborg op Lauwerseach. Fan 16.30 oere ôf is hy yn Aldbiltsyl wêr't om 17.40 in hûs ferlotte wurdt. Ja wier de fuotbalklup VVV Ouwe Syl hat lotten ferkocht en fan 'e middei is de trekking. En Geert is der foar ús by.
    Mar der is mear. Der binne ek Fryske artysten mei yn de dûbeldekker dy't live optrede sille.

    Fansels is de Tonne der ek wer, fol mei moaie prizen! Hearsto de Ding Dong? Belje dan 058-2123618!
    Hasto in fersykje? Wolst ien ferrasse mei in ferske? App of sms dat nei 06-20 499 199.

    De opstekker is foar Marcel Stuurhaan fan LVV Friesland

    • SNF OPSTEKKER 11_11_17

    Alle wiken hawwe wy de Opstekker fan Sport Fryslân mei in wearde fan 300 euro. De feriening mei dit besteegje oan in saak dy't dêr hiel bot nedich is. En wêr giet de Opstekker fan dizze wike hinne? Nei Marcel Stuurhaan fan fuotbalklup LVV Friesland út Ljouwert!

    resept fan Sietske Poepjes

    • SNF RECEPT SYTSKE 11_11_17

    Sietske Poepjes hat wer in nij resept foar ús: popcorn cake!

    Yngrediïnten:

    1 minytulbân foarm

    100 gram bûter

    100 gram bastertsûker 

    100 gram blom

    2 aaikes

    1 teeleppel bakpoeier 

    bytsje sâlt

    bytsje fanylje essence

    Soargje derfoar dat alles op keamertemperatuer is. Klopje de bûter mei de sûker goed op. Miks ien foar ien de aaien hjirtroch, dan it sâlt en de fanylje. Seef it moal mei bakpoeier en rier dat hjirtroch. Skep yn bakfoarm en bak op 175 graden foar 35 minuten. Goed ôfkuolje litte.

    Foar de popkorn: pak in panne mei lid en set dizze op leech fjoer. In ytleppel oliifoalje op de boaiem. Lis hjir drekt in kopke popkorn op. Lid op de panne en wachtsje op it “poppen”. By it fjoer bliuwe. As it net mear “popt” helje dan de panne fan it fjoer en lis op bakplaat. Jit hjir smolten sûkelade oer en rier dit fluch troch. Der kin wat silypoeier (of wat jo mar lekker fine) troch de sûkelade. Ôfkuolje litte.

    Foar it glazuer: rier wat wetter troch in lyts bakje poeiersûker. Jit dit oer de tûlbancake en fersier mei de popkorn (glazuer wurket as plaksel).

    Noflike Sintemarten! 

    13:05 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
    13:10 - Ed Sheeran - Perfect
    13:20 - Inez Timmer - Minsk
    13:37 - Bananarama - Venus
    13:41 - Imagine Dragons - Whatever It Takes
    13:47 - Steppenwolf - Born To Be Wild


    14:06 - Vanessa Paradis - Be My Baby
    14:09 - Pink - What About Us
    14:15 - Phil Collins - Dance Into The Light
    14:35 - Coldplay - Adventure Of A Lifetime
    14:39 - Calvin Harris - Feels
    14:45 - Brandewyn - Boogy Woogy Myntsje


    15:04 - Anouk - Girl
    15:08 - Marco Borsato - Thuis
    15:13 - Maxi Priest - Close To You
    15:20 - Katy Perry Ft. Skip Marley - Chained To The Rhythm
    15:24 - Adri De Boer - Alde Dyk
    15:35 - Beatles - A Hard Days Night
    15:38 - Sam Smith - Too Good At Goodbyes
    15:42 - Cyndi Lauper - Girls Just Want To Have Fun
    15:49 - Shola Ama - You Might Need Somebody
    15:52 - Sandy Coast - The Eyes Of Jenny
    16:04 - Hans De Booy - Annabel
    16:08 - Lucas & Steve - Up Till Dawn
    16:14 - Hanson - Mmmbop
    16:24 - Adele - Hello
    16:35 - Of Monsters And Men - Little Talks
    16:53 - Neil Diamond - Sweet Caroline
    17:04 - Justin Bieber & Bloodpop - Friends
    17:07 - Gotye (Ft. Kimbra) - Somebody That I Used To Know
    17:17 - De Dijk - Binnen Zonder Kloppen
    17:24 - Lisa Stansfield - Change
    17:33 - Alessia Cara - Scars To Your Beautiful
    17:37 - Billy Ocean - Loverboy (Single Version)
    17:41 - Weima & Van Der Werf - Do
    17:45 - Maroon 5 Ft. Sza - What Lovers Do
    17:50 - Van Halen - Why Can't This Be Love
    17:54 - Seal - Crazy

    Diana de Groot

    Sneon yn Fryslân

    Sneon 29 septimber live by de Flaeijelfeesten yn Nijehoarne. Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.
    Presintaasje: 
    Diana de Groot
    (advertinsje)