Sneon yn Fryslân fan 10 oktober 2015 13:00

    Goeiemiddei! Gjin Diana dizze kear, mar Sjoerd Marten Vrieswijk is jo gasthear by Sneon yn Fryslân. En wy ha der sin oan! Bûten is it prachtich waard, dus wurdt der fan 'e middei wer folop fuotballe. Geert van Tuinen is op it Sudersportpark yn Snits dêr't ONS it opnimt tsjin Rijnsburgse Boys. Koos Wieling reizget nei Hurderwyk, dêr't Harkemase Boys it fan 'e middei opnimt tsjin VVOG. En Hijlko Broersma hâldt ús op 'e hichte fan de stân fan saken by de wedstriid tusken Drachtster Boys en AZSV.

    Ek krije wy wer gasten yn de studio. Frijwilligers fan Wellzo binne fan 'e middei te gast. Wellzo stipet mantelsoargers dy't it swier hawwe. Op fakânsje kinne se eins net, want de 'pasjint' bliuwt dan sûnder help achter. En in ferfangende mantelsoarger regelje, dat is dreech. Want de soarch oan freonen tafertrouwe, dat doart net elkenien. En dan moatte dy freonen dat ek noch wolle fansels.

    De frijwilligersorganisaasje Wellzo wol it makliker meitsje foar mantelsoargers om der efkes tuskenút te gean. Se wolle dêr keamers yn fersoargingshuzen foar brûke, sadat de frijwilligers dêr de pasjinten fersoargje kinne as de mantelsoarger der efkes tuskenút wol. Dan is der altyd de 'achterfang'fan it fersoargingshûs. En dat jout de mantelsoargers in feilich gefoel. Benijd nei dit inisjatyf? Sjoch op www.wellzo.frl of belje mei 058 3030100.

    En fansels draaie wy wer jo moaiste plaatsjes! Ha jo in nûmer dat wy foar jo hearre litte kinne? Lit it ús witte troch in mailtsje te stjoeren nei diana@omropfryslan.nl. SMS'e of appe kin ek nei 06 20 499 199.

    Atie van Vliet en Henny Stroes

    • Atie van Vliet en Henny Stroes
    13:08 - Proclaimers - Letter From America
    13:15 - First Aid Kit - My Silver Lining
    13:20 - Gabriella Cilmi - Sweet About Me
    13:25 - Brainbox - Down Man
    13:27 - George Baker Selection - Paloma Blanca
    13:32 - Nick & Simon - Open Je Hart
    13:41 - Leny Dijkstra & Lianne Zandstr - Mantelzorg
    13:50 - John Fogerty - It Ain't Right
    13:52 - Rolling Stones - Mother's Little Helper
    14:06 - Amy Macdonald - This Pretty Face
    14:12 - Manfred Mann's Earth Band - Davy's On The Road Again
    14:19 - Cats - Be My Day
    14:27 - Harpo - Moviestar
    14:36 - Stevie Wonder - Happy Birthday
    14:45 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry
    14:54 - Queen - Bicycle Race
    15:05 - The Whispers - And The Beat Goes On
    15:12 - Meghan Trainor - All About That Bass
    15:19 - Rolling Home - Fries Om Utens
    15:28 - Dire Straits - Walk Of Life
    15:34 - De Kast - Neem Me Zo
    15:43 - Willie Nelson & Ray Charles - Seven Spanish Angels
    15:51 - Rein De Vries - Patsy
    16:05 - Gerard Cox - 't Is Weer Voorbij Die Mooie Zomer
    16:14 - Riny Van Der Lee - Varkens, Geiten, Boerenkool
    16:17 - Reboelje - Marije Maria
    16:21 - Dubliners - Dirty Old Town
    16:32 - Early Bird - Nashville Tennessee
    16:39 - Robin Gibb - One Million Years
    16:52 - Live - The Dolphin's Cry
    17:02 - Van Morrison - Brown Eyed Girl
    17:10 - Jack Bottleneck - Lost Case Of Being Found
    17:16 - De Hunekop & Strawelte - De Herder En De Wetterhun
    17:25 - Tietsia - Myn Fryslan
    17:33 - Normaal - Oerend Hard
    17:40 - Black Eyed Peas - I Gotta Feelin'
    17:47 - Next One - I Love You So
    17:52 - Rene Innemee - Oh It's You
    Diana de Groot

    Sneon yn Fryslân

    Sneon 29 septimber live by de Flaeijelfeesten yn Nijehoarne. Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.
    Presintaasje: 
    Diana de Groot
    (advertinsje)