Sneon yn Fryslân fan 1 oktober 2016 13:00

Hjoed binne we by Sneon yn Fryslân live op op de Sintrale As. Wy dogge dêr ferslach fan de hannelsrûte dy't dêr hjoed hâlden wurdt. Ferslachjouwer Timo Jepkema rint oer Sintrale As en praat mei ferskate gasten.

Fierder binne wy by de sportwedstriden fan Harkemase Boys tsjin Quick Boys en Rijnvogels tsjin ONS Snits. Ferslachjouwer Geert van Tuinen docht op sportpark De Bosk live ferslach fan de risikowedstriid tusken Harkemase Boys en Quick Boys.

Fansels hearre we wêr't de sportkoer bedarre is dizze wike, mar ek krije we in nij resept fan deputearre Sietske Poepjes.

De koer is by Evert Rodenhuis fan Easterlittens

17:56 - Jack Bottleneck & Johan Keus - Net Mei Bemuoie
Diel dit berjocht op:

Sneon yn Fryslân

Fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. In fersykje oanfreegje of fertelle watst oan it dwaan bist? Lit it witte mei in app of sms op 06 20 499 199. No sneon rjochstreeks fan it Dickens Festijn yn Lemmer.
Presintaasje: 
Diana de Groot
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 13.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)