Hjoed stiet 2002 as kroanjier sintraal! Wat barde der sa al?
Op 1 jannewaris 2002 wurdt de euro as wettelik betelmiddel ynfierd yn 12 fan de 15 lannen fan de Europeeske Uny.
Op 6 maaie wurdt Pim Fortuyn op it Hilversumse Mediapark fermoarde troch Volkert van der Graaf. Dit wie njoggen dagen foar de parlemintsferkiezingen.
En ien fan de hichtepunten wie dochs ek wol it houlik fan Willem-Alexander en Máxima Zorreguita yn Amsterdam. Wa herinnert him net de triennen fan Máxima by it hearren fan de Adióds Nonino. Dizze Argentynske tango waard spile troch Carel Kraayenhof op syn bandoneon. En wat de Blauhúster Dakkapel der mei te meitsjen hat hearre we fan Bernlef Cornelis.
Ferslachjouwer Koos Wieling docht ferslach fan it NK ôfstannen en sprint dat op Thiaf holden wurdt.