Sneintemidje, it sentiment, de honger nei de skiednis. De reis troch de decennia fan de jierren 70 oantemei begjin 2000. Wikelyks it kroanjier mei it nijs, muzyk ût de hitlist fan deselde wike doe en prizen te winnen yn ûs kwis 'Wa sei dit'...
Hjoed stiet 1993 sintraal.
Wat bart der sa al yn 1993? Op 1 jannewaris 1993 wurdt Tsjecho-Slowakije splitst yn twa staten, Tsjechië en Slowakije. Bill Clinton folget George Bush op as 42e president fan de VS. En de best ferkochte single fan dit jier wie René Klein mei Mr. Blue. 2 Unlimited mei No Limit stiet op 2 en 4 Non Blondes mei What's Up eindigen op 3.
*Op 22 oktober wie der in konsert fan Whitney Houston yn Thialf op it Hearrenfean. Der kamen sa'n 15.000 minsken op ôf. De temperatuur ron letterlik sa heech op tidens it konsert dat hûnderten minsken net goed waarden. Whitney sels dielde wetter út oan de minsken op de foarste rijen.
Hast hjir ek herinnerings oan? Wiesto by it konsert? App ús dan efkes fia de Omrop App of fia 06-20499199