Sneintemidje, it sentiment, de honger nei de skiednis. De reis troch de decennia fan de jierren 70 oantemei begjin 2000. Wikelyks it kroanjier mei it nijs, muzyk ût de hitlist fan deselde wike doe en prizen te winnen yn ûs kwis 'Wa sei dit'...... Hjoed is ús kroanjier 1996.
Wat barde der sa al yn 1996? Bygelyks dat de nederlânske steatssekretaris fan Defensje Jan Gmelich Meyling ûnferwachts bekend makke dat de lichting fan 29 jannewaris 1996 de lêtste groep tsjinstplichtige militairen wie. Op 10 febrewaris ferslacht de skeakkompjuter Deep Blue foar de earste kear de bekende wrâldkampioen Garri Kasparov. En op 7 july ferslacht Richard Krajicek MaliVai Washington yn de finale op Wimbledon en wurdt hjirtroch de earste Nederlânske Grand Slam winner.
En de Fryske boerinnen en skoansuskes Jannie Cnossen en Wikje van der Veen wonnen in priis mei harren selsbetochte boerdspultsje De Boer is Troef. It wie bedoeld om it imago fan de boer te ferbeterjen. De priis waard útrikt troch minister Van Aartsen van Lânbou. It spultsje wie in krúsing tusken Triviant en Ganzebord. Jannie en Wikje hiene it sels makke mei foto's en knuffelbisten. Ferskate winkels woene it spultsje wol in harren assortiment opnimme. Soe Jannie Cnossen noch dwaande wêze mei dit spultsje?
Ferslachjouwer Koos Wieling docht ferslach fan it reedriden by de Olympyske Spelen. Mar we sjogge ek werom op de wedstriid PSV - Sc Heerenveen en op de kuorbalwedstriid fan LDODK tsjin TOP.