Skûtsjesjoernaal fan 31 july 2015 18:20

Yn it Skûtsjesjoernaal in ferslach fan de spannende finale fan de SKS op de Snitser Mar. It ferskil tusken de nûmer ien De Jouwer en de nûmer twa Langwar is mar 0.2 punt. De skippers fan beide skûtsjes, Dirk Jan Reijenga en Johannes Meeter, sille harren ferhaal dwaan oan tafel op de Batavier. Ald-skûtsjeferslachjouwer Sippy Tigchelaar docht de wedstriidanalyze.

Skûtsjesjoernaal

Fan sneon 30 july o/m sneon 20 augustus docht Omrop Fryslân wer ferslach fan it SKS en it IFKS skûtsjesilen. Middeis te folgjen op de radio en jûns yn it Skûtsjesjoernaal sjogge we werom op de wedstriid dat is om 18.20 oere.
(advertinsje)