Skûtsjesjoernaal fan 30 july 2015 18:20

    Yn it Skûtsjesjoernaal mar leafst twa wedstriidferslaggen. Want der wurdt hjoed ek noch in ynhelwedstriid fersyld. Oan tafel op de Batavier sit âld-skipper Pieter Brouwer, hy is de analist. In oare bysûndere gast is sjonger Douwe Bob Posthuma. In Amsterdammer mei Fryske roots. Hy sil mei yn it wedstriidboatsje fan Eelke Lok en fansels live in nûmer spylje. Ek meitsje we hjoed de winner fan ús skûtsjefan kwis bekend.

    Skûtsjesjoernaal

    Fan sneon 30 july o/m sneon 20 augustus docht Omrop Fryslân wer ferslach fan it SKS en it IFKS skûtsjesilen. Middeis te folgjen op de radio en jûns yn it Skûtsjesjoernaal sjogge we werom op de wedstriid dat is om 18.20 oere.
    (advertinsje)