Skûtsjesjoernaal fan 3 augustus 2015 18:20

Yn it Skûtsjesjoernaal in ferslach fan de twadde wedstriid fan de IFKS op de Iselmar by Starum.
De analist fan de dei is Eelke Dykstra. Hy waard yn it ferline meardere kearen kampioen mei it skûtsje De Oude Zeug. Ek oan tafel, âld follyballer en Olympyske medaljewinner, Ronald Zoodsma. Hy sylt mei yn de B-klasse by skipper Arnold Veenema op de Zeldenrust. Dat skûtsje stiet ek sintraal yn ús reportaazje-rige De oare klasse.

Share this page on:

Skûtsjesjoernaal

Fan sneon 30 july o/m sneon 20 augustus docht Omrop Fryslân wer ferslach fan it SKS en it IFKS skûtsjesilen. Middeis te folgjen op de radio en jûns yn it Skûtsjesjoernaal sjogge we werom op de wedstriid dat is om 18.20 oere.
(advertinsje)