Skûtsjesjoernaal fan 22 july 2015 18:20

Yn it Skûtsjesjoernaal jûn in wiidweidich byldferslach fan de wedstryd op de Snitsermar by Terherne. Ferslachjouwer Eelke Lok lit de spannendste mominten sjen. Oan tafel yn de Batavier twa teatermakkers: Harmen Brouwer, bemanningslid op it Drachtster skûtsje mar ek akteur. Hy makke de ôfrûne moannen namme mei it teaterstik Skippersbitter. De oare gast is Folkert Wesseling, in jonge teatermakker dy ’t ûnder oaren wurke mei Herman van Veen. Folkert wol it skûtsjesilen brûke yn syn nijste teaterfoarstelling. Hjoed alfêst in foarpriuwke. De wedstrydanalyze komt fan âld skûtsjeferslachjouwer Sippy Tigchelaar en fansels binne we wer op syk gien nei de Skûtsje Super Fan.

Diel dit berjocht op:

Skûtsjesjoernaal

Fan sneon 30 july o/m sneon 20 augustus docht Omrop Fryslân wer ferslach fan it SKS en it IFKS skûtsjesilen. Middeis te folgjen op de radio en jûns yn it Skûtsjesjoernaal sjogge we werom op de wedstriid dat is om 18.20 oere.
(advertinsje)