Skûtsjesjoernaal fan 1 augustus 2012

Hjoed yn it Skûtsjesjoernaal in spektakulêr ferslach fan de wedstryd op de Snitsermar by Terherne. Oan de tafel sit skipper Pieter Meeter, syn Boalserter skûtsje is hjoed it skûtsje fan de dei. We prate oer Meeter syn ambysjes, sil er dit jier ris meidwaan om de titel?

Ferslachjouwer Eelke Lok jout live kommintaar by de wedstrydbylden en de analyse is fan Klaas Jansma. Allegearre ûnder lieding fan presintator Dieuwke Kroese. De muzyk komt jûn fan Tangarine.

Diel dit berjocht op:

Skûtsjesjoernaal

Fan sneon 30 july o/m sneon 20 augustus docht Omrop Fryslân wer ferslach fan it SKS en it IFKS skûtsjesilen. Middeis te folgjen op de radio en jûns yn it Skûtsjesjoernaal sjogge we werom op de wedstriid dat is om 18.20 oere.
(advertinsje)